Historia Augusta: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
fan nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 22 nov 2009 om 21.34

Skiednis fan de Keizers (Latyn: Historia Augusta) is de beneaming fan in bondel biografyske teksten besteande út tritich boeken dy't de libbens fan keizer Hadrianus oant Numerianus (fan 117 oant 284 nei Kr.) beskriuwen, mar foar it tiidrek nei Septimius Severus in protte kletspraat, rabberij en opsetlike ûnkrektens befetsje.

It skriuwersfraachstik

De tritich boeken binne oerlevere op namme fan seis skriuwers, te witten: Aelius Lampridius, Aelius Spartianus, Julius Kapitolinus, Fulkasius Gallikanus, Trebellius Pollio en Flavius Fopiskus. Hja pretindearren te skriuwen yn de earste helte fan de fjirde ieu nei Kr., de tiid fan de keizers Diokletianus en Konstantyn de Grutte dêr't de measte biografyën oa opdroegen binne.

Yn 1889 toane Hermann Dessau yn syn baanbrekkende Über Zeit und Persönlichkeit der Scriptores Historiae Augustae oan, dat de seis auteurs pseudonimen binne fan fermoedlik ien auteur dy't op de ein fan de fjirde ieu ûnder de regearing fan Teodosius I skreau. It oanfurdzje fan dizze tese krong mar stadichoan troch by de learden en op it heden binne der noch mar in pear oerbleaun dy't leauwe dat de Historia Augusta yndied troch seis auteurs yndertiid skreaun binne.

It wurk, dat allinnich it libben fan heidenske keizers beskriuwt, kin besjoen wurde yn de kontekst fan de polemyk tusken it Kristendom en de tradisjonele Romeinske religys.

Ta de boarnen fan de Historia Augusta heare mooglik de yn distiid ferlern rekke keizerbiografyën fan de skriuwers Marius Maksimus, Deksippus, Eunapius, en de saneamde Enmannsche Kaisergeschichte. De Grykske skiedskriuwers Herodianus en Kassius Dio, dy't yn it earste fearn fan de tredde ieu skreaunen, hawwe wolle beware bleaun, en waarden ek troch de skriuwers fa de Historia Augusta brûkt.

Keppeling om utens