Freark Dam: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
rûnom wei
lyts guod
Rigel 5: Rigel 5:
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] moast er ûnderdûke, waard oanholden yn de hjerst fan [[1944]] en bedarre yn in finzenkamp op it eilân [[Sylt]]. Yn [[1941]] debutearre Dam as dichter yn it tydskrift '[[It Heitelân]]'.
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] moast er ûnderdûke, waard oanholden yn de hjerst fan [[1944]] en bedarre yn in finzenkamp op it eilân [[Sylt]]. Yn [[1941]] debutearre Dam as dichter yn it tydskrift '[[It Heitelân]]'.


Hy wie sjoernalist by de Drachtster Krante en joech ek lieding oan de útjouwerij anneks. Yn de jierren 50 en 60 boude er in útjouwersfûns op, dêr't in soad Fryske skriuwers yn fertsjintwurdige wiene. As redakteur fan de literêre blêden '[[De Tsjerne]]' en '[[De Strikel]]', hie er in protte kontakten yn de it Fryske literêre wrâldsje.
Hy wie sjoernalist by de Drachtster Krante en joech ek lieding oan de útjouwerij anneks. Yn de jierren 50 en 60 boude er in útjouwersfûns op, dêr't in soad Fryske skriuwers yn fertsjintwurdige wiene. As redakteur fan de literêre blêden '[[De Tsjerne]]' en '[[De Strikel]]', hie er in protte kontakten yn de Fryske literêre wrâld.


Teffens hat er konservator fan it [[Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum]] west fan [[1969]] oant [[1986]].
Teffens hat er konservator fan it [[Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum]] west fan [[1969]] oant [[1986]].

De ferzje fan 14 nov 2009 om 23.21

Freark Dam, (Ketlik, 2 july 1924 - Snits, 4 july 2002) wie in in Frysk sjoernalist, oersetter en dichter en hat in soad út de wei set foar de Fryske literatuer.

Freark Dam wie in soan fan Wieger Dam. Hy gie nei de W. A. Nijenhuis-skoalle yn Ketlik en ferfolgens nei de MULO op It Hearrenfean. Letter folge er in oplieding ta útjouwer en helle er de MO-akte Nederlânsk en Frysk.

Yn de Twadde Wrâldkriich moast er ûnderdûke, waard oanholden yn de hjerst fan 1944 en bedarre yn in finzenkamp op it eilân Sylt. Yn 1941 debutearre Dam as dichter yn it tydskrift 'It Heitelân'.

Hy wie sjoernalist by de Drachtster Krante en joech ek lieding oan de útjouwerij anneks. Yn de jierren 50 en 60 boude er in útjouwersfûns op, dêr't in soad Fryske skriuwers yn fertsjintwurdige wiene. As redakteur fan de literêre blêden 'De Tsjerne' en 'De Strikel', hie er in protte kontakten yn de Fryske literêre wrâld.

Teffens hat er konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum west fan 1969 oant 1986. Hy wie belutsen by it útjaan fan it samle wurk fan sawol Fedde Schurer as Obe Postma.

Syn literêre produksje wie lyts. Yn 1946 ferskynde de dichtbondel 'Under fjouwer eagen' en yn 1960 ferskynde 'Sa sydlings'. De oarloch wie in wichtich tema yn syn wurk. It gedicht 'De Joadebern'is in klassyk betinkingsgedicht wurden.