East-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
Muro Bot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: pl:Fryzja Wschodnia
Rigel 89: Rigel 89:
[[nl:Oost-Friesland]]
[[nl:Oost-Friesland]]
[[no:Østfrisland]]
[[no:Østfrisland]]
[[pl:Fryzja Wschodnia]]
[[ro:Frislanda de Est]]
[[ro:Frislanda de Est]]
[[ru:Восточная Фризия]]
[[ru:Восточная Фризия]]

De ferzje fan 12 nov 2009 om 17.27

Flagge fan East-Fryslân
Wapen fan East-Fryslân

East-Fryslân is in gebiet yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen; it gebiet tusken de Iems en de Jade. It hat gjin fêste grinzen mear, mar earder foarme it ien as twa fan de sân seelannen. De Fryske taal fan it gebiet is weirekke, útsein súdliker yn Sealterlân, mar it gebiet hat al noch in Fryske identiteit. Ta it gebiet hearre ek de eilannen Boarkum, Kachelotplaat, Memmert, Júst, Nordeneach, Baltrum, Langereach, Spikereach en Wrangereach.

Skiednis

Iere skiednis

East-Fryslân wurdt foar it earst neamd yn Romeinske boarnen. De berjochtjouwing fan Plinius, Tacitus en Stabon binne bewiis fan bewenning yn East-Fryslân om it jier 0 hinne. Plinius skriuwt oer de Sjauken, dy't primityf yn it Elbegebiet wisten te oerlibjen. Nei dat gebiet binne de Saksen (út it easten wei) en de Friezen (út it westen wei) ferfard. De Sjaukyske folksgroep is opgien yn de Fryske en Saksyske.

Midsieuwen

Der is mear bekend oer East-Fryslân yn it tiidrek fan it Fryske ryk. Nei alle gedachten hat de eastgrins fan dat keninkryk by de Weser lein. De ferneamdste kening wie Redbad. Fan him bestean der noch in protte sêges en telsjes yn East-Fryslân. Yn strjittenammen wurdt syn namme noch hieltyd yn eare hâlden. Yn de rin fan de skiednis hat it Fryske ryk net stân hâlden kinnen. Nei de delslach yn de slach oan de Boarn tsjin de Franken bleau allinnich te easten fan de Lauwers noch in skoftsje in lytsk keninkrikje oer. Karel de Grutte hat lang om let oan dat East-Fryske steatsje in ein makke troch it yn 785, as ûnderdiel fan de Saksenkriich, te oermasteren en hat it tafoege oan syn Frankyske ryk.

Under Karel de Grutte waard East-Fryslân yn twa gebieten parte. Yn itselde tiidrek sette de kerstening fan de Friezen út ein mei Liudger en Willibrord. Fan doe ôf hearde it iene part fan East-Fryslân by it Bisdom Bremen, en it oare part by it Bisdom Munster.

Mei it ferfal fan it Frankyske ryk hat East-Fryslân him frij ûntwikkele kind. Der koenen saneamde „Redjeven“ (rjochtsprekkers, doarpsâldsten) keazen wurden, dy't rjochtsprekke koenen en de yndieling en organisaasje fan it gebiet op har namen.

Nei likernôch 1100 kaam it Upstalbeam-ferbân. Dêrby kamen de Friezen út de sân frije Fryske seelannen alle jierren krekt bûten Auwerk gear om rjocht te sprekken en te diskusearjen oer ynterregionale saken lykas kriich mei oare folken.

Yn 'e rin fan de 14e ieu kaam it Upstalbeam-ferbân oan 'e ein. Dit hie te krijen mei ûnder oaren de pest en stoarmfloeden. Yn East-Fryslân krigen wichtige famyljes de kâns om yn hearskippijsysteem yn te fieren, dêr't haadlingen, "hovedlinge", de sizzenskip krigen oer beskate gebieten. Der wie net in feodaal systeem, dat de ynwenners wienen frij krityk te uterjen en wienen noch hieltyd frije minsken.

Tenei hienen de haadlingen de macht yn East-Fryslân, mar der hat ek striid west tusken de ferskate haadlingen. De striid kaam yn 1430 oan 'e ein doe't Edzard Sirksena akseptearre waard as lieder fan de Frijdom Federaasje. Nei 1465 moast Ulrik Sirksena as ien fan de lêste haadlingen, nei oantrún fan keizer Friedrich III, East-Fryslân opgean litte yn it Nederrynsk Westfaalske Keningryk. Hy krige de status fan greve en hat de soevereiniteit fan it Hillige Romeinske Ryk akseptearje moatten. Yn 1514 woe keizer Friedrich III dat de hartoch fan Saksen greve fan East-Fryslân wurde soe. Greve Edzard fan East-Fryslân woe dat net akseptearje, foar in hear oer dat folle grutter as him wie. Fjouwer-en-tweintich Dútske hartoggen en prinsen teagen nei East-Fryslân mei har legers. Alhoewol't it Dútske leger folle grutter en sterker wie, koenen hja Edzard net ferslaan. Yn 1517 moast keizer Friedrich III, Edzard fan East-Fryslân en syn neiteam as greven, akseptearje as greven fan East-Fryslân.

Reformaasje - 1744

Yn East-Fryslân kaam der oan it begjin fan de reformaasje mear frijheid op it mêd fan leauwen. Om it jier 1520 hinne gong East-Fryslân oer op it reformatoryske leauwen. Emden hat yn dy tiid in wichtich sintrum west wêr't nije godstsjinstige ideeën jin ferspriede koenen. Tusken 1530 en 1560 teagen der in protte flechtlingen út Nederlân (Kalvinisten) wei nei East-Fryslân. Menno Simons teach ek nei East-Fryslân mei syn folgers. Ubbo Emmius is in ferneamd gelearde út it East-Fryslân yn 'e tiid fan de reformaasje. Hy hat de Universiteit fan Grins stifte, en hold him dwaande mei it skriuwen fan de skiednis fan Fryslân (Rerum Frisicarum Historia).

Yn 1654 krigen de greven fan East-Fryslân, fêstige yn Auwerk, de status fan prinsen. Har macht bleau redusearre omdat East-Fryslân winliken in sattelyt-steat west hat fan Nederlân. Emden bleau ûnder it demokratysk keazen fertsjinwurdiging fan har ynwenners, dêr't de prins net sa botte folle macht oer hie. It East-Frysk Parlemint (Ostfreesk Landschaft), hat in fertsjinwurdiging fan ferskate groepen west, dy't mei net botte folle súkses âlde Fryske wearden, rjochten en frijdom hoede hawwe tsjinoer de prins.

Yn 1744 kaam de lêste Sirksena te ferstjerren, dêrtroch koe Prusen de macht East-Fryslân oernimme. Dêr hat gjin wjerstân west tsjin dat beslút omdat yn it foaren in ferdrach tekene waard. Prusen hat ferstânnich west en de tradisjonele autonomy fan de Friezen akseptearre en hoede, Sebastian Homfeld waard de nije kanselier.

Nei de ûnôfhinklikens

Yn 1806 waard East-Fryslân anneksearre troch it Napoleonske Nederlân, en waard letter ynlive by it Frânske Ryk. East-Fryslân krige de namme Département Ems-Oriental, en it Reider wie in part wurden fan it Département Ems-Occidental.

Nei de Napoleonske Oarloggen waard East-Fryslân earst oermastere troch Prúske en Russyske soldaten yn 1813, en op 'en nij anneksearre troch Prusen. Yn 1815 kaam East-Fryslân ûnder it Keningryk Hannover.

Grinzen

East-Fryslân neffens histoaryske en kulturele grinzen
Ferskil tusken East-Fryslân en Eastlik-Fryslân

Alhoewol't East-Fryslân wiidferneamd is as kulturele regio, foarmet it gjin bestjoerlike ienheid. Meastentiids nimt men de grinzen fan it East-Fryske gebiet, it wurkgebiet fan de Ostfriesische Landschaft, de neifolger fan de feodale stânfergadering en tsjinwurdich in semy-politike organisaasje dy't him dwaande hâld mei mêden as kultuurbelied, sosjale saken, ûndersyk en ûnderrjocht. Dit gebiet bestiet út de bestjoerlike ienheden (Landkreise) Auwerk, Leer, Wittmund en it stêdsdistrikt (kreisfreie Stadt) Emden. De histoaryske haadstêd en sit fan de Ostfriesische Landschaft, is Auwerk. Der binne op it stuit diskusjes geande oer it op 'en nij gearfoegjen fan dizze distrikten ta ien Landkreis Ostfriesland.

It East-Fryske skiereilân (Ostfriesische Halbinsel) omfiemet njonken dizze fjouwer distrikt ek it eastlike Landkreis Fryslân, mei it 'East-Fryske' Waadeilân Wrangereach, en it stêddistrikt Wilhelmshaven. Dizze distrikten hawwe eartiids by it Gruthartochdom Oldenburch heart, en wurdt ek wol it Oldenburgske Fryslân. De bewenners identifisearje harsels as Friezen, en net as East-Friezen. Beëasten it Oldenburgske Fryslân leit it ferdronken lân fan it Fryske lânskip Rjustringen, dat der oan 'e ein fan 'e Midsieuwen ûnder strûpte, by in hiele rist stoarmfloeden efterinoar. De seeëarm dy't dêr no bestiet, wurdt de Jadeboezem neamd.

De gemeinde Sealterlân heart net by it historyske gebiet East-Fryslân, mar troch har taal (it Sealterfrysk) wurdt it ek wol ta it gebiet rekkene.

Yn Land Wûrsten tusken Cuxhaven en Bremerhaven libbet noch hieltyd in sterke Fryske identiteit, mar wurdt ek net ta East-Fryslân rekkene. De Wûrtfriezen hawwe al de Fryske identiteit, mar net sa bot de East-Fryske.

Tusken it lân Wûrsten en Wilhelmshaven leit in bytsje súdliker it Landkreis Wesermarsch. Dit hat eartiids it Butjadinger Fryslân west, mar der libbet hjoed de dei gjin sterke Fryske identiteit.

Ekonomy

East-Fryslân hat net in soad yndustry en protte wurkleazens. De ekonomy driuwt benammen op 'e agraryske sektor en toerisme. De wichtigste yndustry kearnen binne Emden en Wilhelmshaven. It grutste yndustriële kompleks is it Volkswagen fabryk yn Emden. Leer is nei Hamburch de measte wichtigste lokaasje foar transport bedriuwen yn Dútslân.

Der binne eartiids in soad minsken weitôge nei de Feriene Steaten of earne oars fanwegen de earmoede. Hjoed de dei hat East-Fryslân in tekoart oan heger opliede jongerein, dy't bygelyks yn súd-Dútslân better wurk krije kinne. In soad mienskippen hawwe te krijen mei in hieltyd heger tal âlderein dy't in boarne wêze kinne soe foar strukturele problemen yn 'e takomst.

Taal

De Wikipedy hat ek in side Eastfrysk (Nederdútsk).

De eartydske taal fan East-Fryslân hat it Eastfrysk west. Utsein it Sealterfrysk binne alle dialekten fan de Eastfryske taal ferstoarn. It Sealterfrysk praat men yn it Sealterlân, dêr't likernôch 2.000 minsken deistich Sealterfrysk prate. Hjoed de dei kinne alle Eastfriezen it Heechdútsk skriuwe, lêze, prate en ferstean. De twadde taal en it wichtigste dialekt is it Eastfrysk Plat, dat foar likernôch 230.000 Eastfriezen de deistige taal is.

Sjoch ek

Literatuer

  • Hajo van Lengen (Hrsg.): Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Verlag Ostfriesische Landschaft, 2003, ISBN 3-932206-30-4

Keppeling om utens