Deastraf: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: af, an, ar, arz, ast, az, bat-smg, be, be-x-old, bg, bs, ca, cs, cy, da, de, el, en, eo, es, et, eu, fa, fi, fo, fr, gl, he, hr, hu, hy, id, is, it, ja, ko, la, lb, lt, lv, ml, mn, ms, nl, nn, no, os, pl, pt, qu, ro, ru, scn, sh, simple,
SieBot (oerlis | bydragen)
Rigel 59: Rigel 59:
[[lt:Mirties bausmė]]
[[lt:Mirties bausmė]]
[[lv:Nāvessods]]
[[lv:Nāvessods]]
[[mk:Смртна казна]]
[[ml:വധശിക്ഷ]]
[[ml:വധശിക്ഷ]]
[[mn:Цаазаар авах ял]]
[[mn:Цаазаар авах ял]]

De ferzje fan 10 nov 2009 om 16.58

In kaart fan de wrâld mei dêr op de lannen wêr't de deastraf wol en net útfierd wurdt.

De deastraf hâldt yn de wettige terjochtstelling fan in minske as swierste straf foar in misdied. Yn in soad lannen, bygelyks yn de Feriene Steaten, Sina en Yndoneezje, wurdt de deastraf útfierd.

Der is in soad te dwaan om de deastraf. Mei it humanisme waard de deastraf yn Jeropa hieltyd kritysker folge. It hat liede ta it ôfskaffen fan dizze straf yn in protte Westerske lannen, yn Jeropa komt it hast hielendal net mear foar.

Foar it útfieren fan de deastraf wurdt in ferskaat oan metoaden brûkt. Neffens Amnesty International wurdt der it meast brûk makke fan de deadlike ynjeksje, de elektryske stoel, de gaskeamer, it fjoerwapen, ophinging, ûnthading en stienniging.

De deastraf yn Fryslân

De deastraf kaam yn de Midsieuwen yn Fryslân net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lânferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elk mocht him deameitsje.

De eigentlike deastraf komt pas ûnder it Saksyske bewâld (yn guon stêden justjes earder) en is sûnttiids yn Fryslân geregeld útfierd, meastentiids yn Ljouwert. Soms ek wol om de befolking ôf te skrikken, op it plak fan de misdie; mar wol altyd yn it iepenbier. Freed, 23 maart 1860 is op it tsjintwurdige Wilhelminaplein yn Ljouwert it lêste deafûnis middels ophinging útfierd en wol oan Ype Baukes de Graaf.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: