Martinus fan Toers: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L stavering: poart -> poarte; tachttjin -> achttjin
Rigel 4: Rigel 4:
wie [[biskop]] fan [[Toers]], en is ferneamd fan de leginde fan de dielde mantel.
wie [[biskop]] fan [[Toers]], en is ferneamd fan de leginde fan de dielde mantel.


Martinus wie de soan fan in [[Romeinen|Romeinsk]] [[magistraat]]. Doe't er fyftjin wie, gong er yn it leger, en kaam sa yn [[Galje]]. Yn dizze tiid spilet de [[leginde]] dat er by de poart fan [[Amiens]] in bidler seach, dy't er ien helte fan syn mantel joech. (De oare helte wie fan it leger, dat dy koe er net weijaan.) De leginde giet fierder as in Kristusleginde, wat betsjutte kin dat de leginde âlder is as Martinus syn tiid. Doe't er tachttjin wie waard er dope.
Martinus wie de soan fan in [[Romeinen|Romeinsk]] [[magistraat]]. Doe't er fyftjin wie, gong er yn it leger, en kaam sa yn [[Galje]]. Yn dizze tiid spilet de [[leginde]] dat er by de poarte fan [[Amiens]] in bidler seach, dy't er ien helte fan syn mantel joech. (De oare helte wie fan it leger, dat dy koe er net weijaan.) De leginde giet fierder as in Kristusleginde, wat betsjutte kin dat de leginde âlder is as Martinus syn tiid. Doe't er achttjin wie waard er dope.


Syn wurkpaad yn it leger einige yn [[356]], en hy waard learling fan [[Hillarius fan Poirtier]]. Likernôch yn [[360]] waard er [[klûzner]], by [[Ligugee]]. Hy krige dêr safolle folgelingen dat dêr it earste Frânske kleaster ûntstie.
Syn wurkpaad yn it leger einige yn [[356]], en hy waard learling fan [[Hillarius fan Poirtier]]. Likernôch yn [[360]] waard er [[klûzner]], by [[Ligugee]]. Hy krige dêr safolle folgelingen dat dêr it earste Frânske kleaster ûntstie.

De ferzje fan 3 nov 2009 om 23.31

Sint Martinus jout in helte fan syn mantel

Martinus fan Toers (* 316 of 317, Steinamanger - † 8 novimber 397, Kandes) wie biskop fan Toers, en is ferneamd fan de leginde fan de dielde mantel.

Martinus wie de soan fan in Romeinsk magistraat. Doe't er fyftjin wie, gong er yn it leger, en kaam sa yn Galje. Yn dizze tiid spilet de leginde dat er by de poarte fan Amiens in bidler seach, dy't er ien helte fan syn mantel joech. (De oare helte wie fan it leger, dat dy koe er net weijaan.) De leginde giet fierder as in Kristusleginde, wat betsjutte kin dat de leginde âlder is as Martinus syn tiid. Doe't er achttjin wie waard er dope.

Syn wurkpaad yn it leger einige yn 356, en hy waard learling fan Hillarius fan Poirtier. Likernôch yn 360 waard er klûzner, by Ligugee. Hy krige dêr safolle folgelingen dat dêr it earste Frânske kleaster ûntstie.

Yn 371 waard er keazen ta biskop fan Toers, mar hy wie ek hieltyd noch dwaande as mûnts, en yn likernôch 375 stifte er it kleaster Marmoutier. Yn 397 ferstoar Martinus wylst er ûnderweis wie, yn Kandes. Syn lichem waard werombrocht nei Toers en dêr begroeven yn de basilyk.

Nei syn dea ûntstienen tal fan leginden oer Martinus. Dêrtroch is er beskermhillige fan in grut tal fan stêden wurden. Syn nammedei wurdt hieltyd noch fierd as Sint Marten.