Trebonianus Gallus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: right|thumb|180px|''Buste fan Trebonianus Gallus'' '''Gaius Fibius Trebonianus Gallus''' (± 206 - Augustus 253) ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 nov 2009 om 00.16

Buste fan Trebonianus Gallus

Gaius Fibius Trebonianus Gallus206 - Augustus 253) wie Keizer fan Rome fan juny 251 oant augustus 253. Tagelyk mei him regearen twa mei-keizers, earst Hostilianus en dêrnei Folusianus. Gallus stie net bekend as in geweldige keizer omdat er gien stappen ûndernomd tsjin de problemen fan syn tiid.

Eftergrûn

Trebonianus Gallus waard berne yn Perugia, boaske mei Afinia Gemina Baebiana en hie twa bern: in soan Gaius Fibius Folusianus (de lettere keizer Folusianus) en in dochter Fibia Galla. Hy makke opgong troch senator te wurden, konsul, en wie ek gûverneur fan de provinsje Moesia Superior, dêr't hy belutsen wie by de krigen tsjin de Goatyske ynfallers.

Yn ien fan dizze krigen sneuvele keizer Desius mei syn soan en mei-keizer Herennius Etruskus by in fjildslach. It leger ferkleare fuort nei de slach Gallus as opfolger. Gallus adoptearre de oare soan fan Desius, Hostilianus, en erkende him as mei-keizer.

Bewâld (juny 251 - augustus 253)

Omdat er fuort nei Rome werom woe sleat Gallus in ûnfoardielige frede mei de Goaten, dy't harren bút hâlde mochten en boppedat alle jierren in som jild fan Rome ûntfingen. Ienris yn Rome dy bliken dat dêr de pokken útbrutsen wie, dêr't Hostilianus slachtoffer fan waard. Gallus beneamde doe syn soan Folusianus as mei-keizer. Nei it skynt hat Gallus de befolking fan Rome goed holpen tidens de pokken-epidemy. Troch syn ynspannings waarden alle slachtoffers begroeven ek dyjingen dy't sels net betelje koenen.

Neffens de skriftlike boarnen oer him wie hy fierders besluteleas en gien geweldige hearsker. Under syn bewâld ferlieze de Romeinen yn it easten de provinsjes Armenia en Syria oan de Perzen, wylst Gallus gien stappen ûndernimt om dizze werom te feroveren.

Yn 253 wegere de gûverneur fan Moesia Superior Aemilius Aemilianus de jierlikse trubuut oan de Goaten te beteljen en fersloech harren op it slachfjild. Troch syn troepen waard er fuort keizer ferkleare en marsjearen nei Rome. Gallus en Folusianus hawwe besocht him tsjin te holden mei in leger dy't yn 'e gauwens formeare waard, mar doe't dat leger hearde dat it folle grutte leger fan Aemilianus flakby kommen wie meitsje it oproer en fermoarde de twa keizers.

Troch kristlike skriuwers is Gallus letter faak beskuldige fan Kristenferfolging, mar it ienige bewiis hjirfoar is de finzenisnimming fan paus Kornelius yn 252.

Keppeling om utens