Mallobaudes: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L + de
L interwiki
Rigel 18: Rigel 18:
[[de:Mallobaudes]]
[[de:Mallobaudes]]
[[en:Mallobaudes]]
[[en:Mallobaudes]]
[[fr:Mallobaud]]
[[it:Mallobaude]]
[[it:Mallobaude]]
[[nl:Mallobaudes]]
[[nl:Mallobaudes]]

De ferzje fan 1 nov 2009 om 22.32

Mallobaudes (ek wol Merobaudes) wie yn de 4e ieu generaal yn it Romeinske leger en kening by de Franken. Hy wie ûnder keizer Gratianus in skoftlang generaal en waard letter rex Francorum, kening oan de oare side fan de Ryn-Limes.

Skiednis

Mallobaudes stamme út it aadlik Frankyske skaai. As jongkeardel makke hy yn it Romeinske leger opgong. Hy waard oanfierder fan it leger dat yn 376 op fjildtocht moast tsjin de Allemannen. Yn de Elzas yn de slach by Argentovaria fersloech hy dizzen by de hjoeddeiske stêd Kolmar.

Tidens de usurpaasje fan Magnus Maksimus yn 383 bleau Mallobaudes earst trou oan keizer Gratianus en luts mei dizze tegearre op tsjin de opstannelings. Mar doe't de keizer al by de earste skermutselings yn de omkriten fan Parys gjin ynteresse toande foar de militêre strategyën, ferlear hy al syn fertrouwen yn de keizer en rûn oer nei it kamp fan Maksimus.

Under dizze keizer hâlde Mallobaudes syn rang fan generaal by it leger en die mei oan syn kriichskampanjes. Keizer Maksimus waard lykwols yn 388 ferslein yn de slach oan de Save troch keizer Teodosius. Mallobaudes hie oan de side fan Maksimus meistriden, en koe nei de nederlaach op tiid foarkomme. Hy ferliet Galje en gie werom nei syn eigen folk. Letter waard hy troch de Franken útroppen as kening.

Literatuer

  • Edward James - De Franken, Baarn, 1988, side 52.