Dantumadiel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ca:Dantumadiel
Rigel 53: Rigel 53:
[[Kategory:Dantumadiel]]
[[Kategory:Dantumadiel]]


[[ca:Dantumadiel]]
[[de:Dantumadiel]]
[[de:Dantumadiel]]
[[en:Dantumadiel]]
[[en:Dantumadiel]]

De ferzje fan 23 okt 2009 om 22.15

Gemeente Dantumadiel
Flagge fan de gemeente Dantumadiel        Wapen fan de gemeente Dantumadiel
(Flagge fan Dantumadiel) (Wapen fan Dantumadiel)
Lokaasje fan de gemeente Dantumadiel
Provinsje Fryslân
Boargemaster A. Aalbers
Haadplak Damwâld
Oerflak
- wetter
87,49 km²
-  1,64 km²
Ynwenners 19.762
Ferkearsieren N356
Netnûmer 0511
Postkoades 9104-9114
9269-9271
Offisjeel webstee www.dantumadeel.nl

Dantumadiel (offisjeel Frysk, Nederlânsk: Dantumadeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, net fier súdlik fan Dokkum, mei 19.762 ynwenners (1 jannewaris 2004), en in gebiet fan 87,49 km2, wêrfan 1,64 km2 wetter.

Haadplak fan de gemeente is Damwâld, en de oare plakken yn de gemeente binne: Broeksterwâld, Driezum, De Falom, Feanwâlden, Rinsumageast, Readtsjerk, Sibrandahûs, Wâlterswâld en De Westereen. De gemeente brûkt Fryske plaknammen.

Skiednis

Datumadiel, Donthmadeil, wie yn it ferline in grutter gebiet as no. Om 1200 hinne wie it in part fan Wininge, en doe dat om 1250 hinne opsplitte wie Dantumadiel part fan de Noardlike Njoggen. Likernôch 1350 waard lykwols it eastlik part ôfskieden, en opdield ta Eastbroeksterlân en Kollumerlân. Yn 1389 waard ek Driezum in gebiet apart, mar yn 1404 waard it wer by Dantumadiel foege.

Dokkum hat yn de 20e ieu ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 giene de plakken Burdaard en Jannum oer nei de gemeente Ferwerderadiel.

Haadplak

Op 10 desimber 1999 is yn Damwâld it nije gemeentehús iepene wertroch Damwâld as grutste plak ek wer it haadplak fan de gemeente is. Yn it begjin fan de gemeenteskiednis wie Rinsumageast lange tiid it wichtichste plak fan de gemeente. De gritenijbestjoerders kamen gear yn 'It Rjochthús'. Yn 1881 waard op de krúshoeke yn Moarrewâld in nij gemeentehús boud. Oant en mei 1970 is it gemeentehús hjir bleaun. Dêrnei is it ferhuze nei Rinsma State yn Driezum. Omreden dat Rinsma State te lyts waard en men it gemeentehús ek leaver wer op in sintraal plak hawwe woe is efter it âld gemeentehús yn Moarrewâld, no part fan Damwâld, in nij gebou delsetten.

Untwikkeling ynwennertal

Sjoch ek

Keppeling om utens