Ruilferkaveling: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
J'88 (oerlis | bydragen)
L Ruilverkaveling feroare ta Ruilferkaveling: v->f
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 okt 2009 om 22.48

Loftfoto fan in ferkavele gebiet

Ruilferkaveling is in proses, wêrby't eigeners fan in stik lân, de saneamde grûnbrûker, kavels mei elkoar ruilje. It doel is dan dat alle grûnbrûkers der op foarút gean.

Meastentiids wurdt der earst in ruilferkavelingsplan opsteld, bygelyks troch de Provinsjale Steaten of de gemeente. De grûnbrûkers kinne dan nei oanlieding fan dit plan kavels úttruilje. Ien fan de redenen om ruilferkaveling te starten, is faak om fersnippering fan de kavels te foarkommen, sadat der minder lânbouferkear yn de regio komt en dat de grûneigener safolle mooglik agraryske grûn ticht by de pleats krijt.

Troch de ruilferkaveling feroaret de yndieling fan it lân. Der kinne bygelyks gruttere kavels ûntstean. Dit hat ek effekt op de yndieling fan it lânskip. Sa wurde sleatten enoare ôfskiedings tusken kavels ferlein.

It komt foar, dat agraryske gebouwen troch de ruilferkaveling ferpleatst of werboud wurde moatte, benammen as eardere lânbougrûn nei de ferkaveling bygelyks natoergebiet wurdt.

By de ruilferkaveling waarden soms kompleet nije diken oanlein, ruilverkavelingsdiken. Ek waarden wol nije stikken natoer oanlein as kompensaasje fan ferdwûne natoer, yn de foarm fan ruilferkavelingsboskjes. Dizzen binne no faak yn besit fan natoeroarganisaasjes as It Fryske Gea en Steatsboskbehear.