Stifting It Fryske Boek: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
webstee
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Rymposter 2007 mei gedicht.jpg|thumb|Rymposter 2007.]]
[[Ofbyld:Rymposter 2007 mei gedicht.jpg|thumb|Rymposter 2007.]]
De '''Stifting It Fryske Boek''' is stifting dy 't de befoardering fan Fryske literatuer en lektuer as doel hat. De organisaasje waard yn [[1934]] troch in oantal Fryske ferieningen en útjouwers oprjochte. Se is fêstige yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]


De [[Stichting It Fryske Boek]] is in stichting dy 't de befoardering fan [[Fryske literatuer]] en lektuer as doel hat. De organisaasje waard yn [[1934]] troch in oantal Fryske ferieningen en útjouwers oprjochte. Se is fêstige yn [[Ljouwert]]. De stichting wurd ûnder oare subsidiearre troch de provinsje [[Fryslân]]. Ek hellet It Fryske Boek jild binnen troch stipers.
It Fryske Boek stimulearret de produksje en de fersprieding fan Fryske boeken en besiket Friezen yn harren memmetaal oan it lêzen te krijen. Se docht dit troch it skeppen fan en partisipearjen yn oerlisstruktueren tusken útjouwers, skriuwers, boekferkeapers en bibleteken. Fierders hat It Fryske Boek, dat foar in part subsidiearre wurdt troch de provinsje [[Fryslân]], in grut tal meiwurkers yn tsjinst, dy't har dwaande hâlde mei allerhanne besteande en nije projekten. De organisaasje jout dêrnjonken ek in grut ferskaat oan promoasjemateriaal út.


It Fryske Boek stimulearret de produksje en de fersprieding fan Fryske boeken en besiket Friezen yn harren memmetaal oan it lêzen te krijen. Se docht dit troch it skeppen fan en partisipearjen yn oerlisstruktueren tusken útjouwers, skriuwers, boekferkeapers en bibleteken. It Fryske Boek hat in tal meiwurkers yn tsjinst, dy't har dwaande hâlde mei allerhanne besteande en nije projekten. De organisaasje jout dêrnjonken ek in grut ferskaat oan promoasjemateriaal út.
== Keppeling om utens ==
* [http://www.fryskeboek.nl Webstee fan Stifting It Fryske Boek].


==Projekten==
{{stobbe}}
Om ta it doel fan de Stichting It Fryske boek te kommen binne der inkelde projekten útein set.

===De Fryske Boekewiken===
Yn de perioade ein [[febrewaris]], begjin [[maart]] wurdt elts jier de [[Fryske Boekewiken]] organisearre.

Oan it begjin fan de Fryske Boekewiken wurdt in grut Boekefeest hâlden, it is in moetingsplak foar minsken dy’t mei de Fryske literatuer te krijen hawwe. Mei de boekewiken wurdt der troch in sjuery in boek útkeazen dy’t as Frysk Boekewikegeskink útjûn wurdt. Ik boek wurdt dan kado dien by oankeap fan Fryske boeken. Yn [[1948]] barde dit foar it earst en sûnt [[1989]] wurdt der elts jier in Frysk Boekewikegeskink kezen. Ek wurde literêre programs organisearre, wêryn Fryske skriuwers, dichters, akteurs en muzykanten harren nij útkommen wurk presintearje kinne.

Ta beslút hâldt It Fryske Boek yn gearwurking mei ferskate ferfierders de Reis-aksje. By dizze aksje kinne minsken dy’t it Frysk Boekewikegeskink mei ha fergees reizgje mei trein en bus yn Fryslân en Grinslân. Fierders is der mei it boek koarting te krijen by ferskate museums, restaurants en oare publyksattraksjes.

===Boeke-aksje===
Yn de perioade begjin [[septimber]], heal [[oktober]] hâldt It Fryske Boek seis wike lang de boeke-aksje. Benammen de [[sutelaksje]] foarmet in wichtich ûnderdiel fan it barren. Hûnderten frijwilligers geane dan mei de kroade by de doarren del om Fryske boeken te ferkeapje. De sutelaksje eindiget elts jier yn Drachten mei de Boekemerk.

Dêrneist wurde Fryske boekejûnen organisearre, wurdt de Fryske skriuwerskalinder útjûn en rydt de Fryske boekebus om utens nei ferskate plakken bûten Fryslân, op útnoeging fan Fryske kriten dy’t dêr dwaande binne.

===Sprutsen Fryske Boek===
Ek jout It Fryske Boek it ''Sprutsen Fryske Boek'' út. Dizze boeken wurde makke foar fisueel beheinden en minsken dy’t op de ien of oare wize net lêze kinne. Der binne al mear as 1.400 boeken ynsprutsen. De boeken binne fergees te krijen.

===De Oanharker===
De ''Oanharker'' is in Frysk sprutsen moanneblêd. Hjiryn stelt in redaksje eltse moanne artikelen gear út de Fryske dei- en streekblêden en tiidskriften.

===Foar bern en de jongerein===
Ek wurde der projekten spesjaal foar bern en jongerein organisearre. Sa is der in berneboekesjuery dy’t berneboeken beoardield en de Sulveren Spjelde útrikt foar it moaste berneboek. By de sutelaksje wurdt der omtinken jûn oan de bern troch it útbringen fan it Aksjeboek foar Bern en in rymposter.

===Rink van der Veldepriis===
Elts even jier wurdt de [[Rink van der Veldepriis]] útrikt. In priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynt as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen fan Fryslân.

==Stichting It Fryske Berneboek==
By It Fryske Boek is it sekretariaat fan de [[Stichting It Fryske Berneboek]] ûnderbrocht. Dizze stichting hâldt harren dwaande mei de stúdzje en promoasje fan Fryske berneboeken.

==Fryske Boekewikegeskinken==
*1948: [[Nyckle Haisma]] - ''Simmer''
*1949: [[Abe Brouwer]] - ''Trou''
*1953: verschillende auteurs - ''Trijekaert''
*1967: [[Jan J. Bylsma]] - ''Yn petear mei de ljochte''
*1989: [[Eppie Dam]] - ''De tomaat''
*1990: [[Hylkje Goïnga]] - ''Op stap''
*1991: [[Margryt Poortstra]] - ''Nachtljocht''
*1992: [[Anne Wadman]] - ''In ûnbetelle rekken''
*1993: [[Willem Verf]] - ''De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy''
*1994: [[Joop Boomsma]] - ''In frou mei ljochtblauwe eagen''
*1995: [[Piter Boersma]] - ''Sniebalfokstrot''
*1996: [[Froukje Annema]] - ''Kearpunt''
*1997: [[Meindert Bylsma]] - ''Hite bliksem''
*1998: [[Trinus Riemersma]] - ''Bretagne libre!''
*1999: [[Benny Holtrop]] - ''Gomorra''
*2000: [[Akky van der Veer]] - ''Kuneara''
*2001: [[Douwe Kootstra]] - ''Berjochten út Boedapest''
*2002: [[Itty Sluis]] - ''It meunster fan Skylge''
*2003: [[Durk van der Ploeg]] - ''De Sniewinter''
*2004: [[Jetske Bilker]] - ''Oar plak oare tiid''
*2005: [[Steven de Jong]] - ''Groetnis fan Prakash''
*2006: [[Baukje Wytsma]] en [[Sjoerd Bottema]] - ''De Stien''
*2007: [[Koos Tiemersma]] - ''Mind Games''
*2008: [[Riek Landman]] - ''Fammen fan Gaasterlân''

==Keppelings om utens==
*[http://www.fryskeboek.nl/ Webstee fan de Stichting It Fryske Boek]
*[http://www.itfryskeberneboek.nl/ Webstee fan It Fryske Berneboek]


[[Kategory:Fryske literatuer]]
[[Kategory:Fryske literatuer]]

De ferzje fan 17 okt 2009 om 14.56

Rymposter 2007.

De Stichting It Fryske Boek is in stichting dy 't de befoardering fan Fryske literatuer en lektuer as doel hat. De organisaasje waard yn 1934 troch in oantal Fryske ferieningen en útjouwers oprjochte. Se is fêstige yn Ljouwert. De stichting wurd ûnder oare subsidiearre troch de provinsje Fryslân. Ek hellet It Fryske Boek jild binnen troch stipers.

It Fryske Boek stimulearret de produksje en de fersprieding fan Fryske boeken en besiket Friezen yn harren memmetaal oan it lêzen te krijen. Se docht dit troch it skeppen fan en partisipearjen yn oerlisstruktueren tusken útjouwers, skriuwers, boekferkeapers en bibleteken. It Fryske Boek hat in tal meiwurkers yn tsjinst, dy't har dwaande hâlde mei allerhanne besteande en nije projekten. De organisaasje jout dêrnjonken ek in grut ferskaat oan promoasjemateriaal út.

Projekten

Om ta it doel fan de Stichting It Fryske boek te kommen binne der inkelde projekten útein set.

De Fryske Boekewiken

Yn de perioade ein febrewaris, begjin maart wurdt elts jier de Fryske Boekewiken organisearre.

Oan it begjin fan de Fryske Boekewiken wurdt in grut Boekefeest hâlden, it is in moetingsplak foar minsken dy’t mei de Fryske literatuer te krijen hawwe. Mei de boekewiken wurdt der troch in sjuery in boek útkeazen dy’t as Frysk Boekewikegeskink útjûn wurdt. Ik boek wurdt dan kado dien by oankeap fan Fryske boeken. Yn 1948 barde dit foar it earst en sûnt 1989 wurdt der elts jier in Frysk Boekewikegeskink kezen. Ek wurde literêre programs organisearre, wêryn Fryske skriuwers, dichters, akteurs en muzykanten harren nij útkommen wurk presintearje kinne.

Ta beslút hâldt It Fryske Boek yn gearwurking mei ferskate ferfierders de Reis-aksje. By dizze aksje kinne minsken dy’t it Frysk Boekewikegeskink mei ha fergees reizgje mei trein en bus yn Fryslân en Grinslân. Fierders is der mei it boek koarting te krijen by ferskate museums, restaurants en oare publyksattraksjes.

Boeke-aksje

Yn de perioade begjin septimber, heal oktober hâldt It Fryske Boek seis wike lang de boeke-aksje. Benammen de sutelaksje foarmet in wichtich ûnderdiel fan it barren. Hûnderten frijwilligers geane dan mei de kroade by de doarren del om Fryske boeken te ferkeapje. De sutelaksje eindiget elts jier yn Drachten mei de Boekemerk.

Dêrneist wurde Fryske boekejûnen organisearre, wurdt de Fryske skriuwerskalinder útjûn en rydt de Fryske boekebus om utens nei ferskate plakken bûten Fryslân, op útnoeging fan Fryske kriten dy’t dêr dwaande binne.

Sprutsen Fryske Boek

Ek jout It Fryske Boek it Sprutsen Fryske Boek út. Dizze boeken wurde makke foar fisueel beheinden en minsken dy’t op de ien of oare wize net lêze kinne. Der binne al mear as 1.400 boeken ynsprutsen. De boeken binne fergees te krijen.

De Oanharker

De Oanharker is in Frysk sprutsen moanneblêd. Hjiryn stelt in redaksje eltse moanne artikelen gear út de Fryske dei- en streekblêden en tiidskriften.

Foar bern en de jongerein

Ek wurde der projekten spesjaal foar bern en jongerein organisearre. Sa is der in berneboekesjuery dy’t berneboeken beoardield en de Sulveren Spjelde útrikt foar it moaste berneboek. By de sutelaksje wurdt der omtinken jûn oan de bern troch it útbringen fan it Aksjeboek foar Bern en in rymposter.

Rink van der Veldepriis

Elts even jier wurdt de Rink van der Veldepriis útrikt. In priis foar it bêste oarspronklik en nij proaza, ferskynt as in selsstannige boekútjefte en skreaun yn it Frysk of yn ien fan de streektalen fan Fryslân.

Stichting It Fryske Berneboek

By It Fryske Boek is it sekretariaat fan de Stichting It Fryske Berneboek ûnderbrocht. Dizze stichting hâldt harren dwaande mei de stúdzje en promoasje fan Fryske berneboeken.

Fryske Boekewikegeskinken

Keppelings om utens