Desius: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zh:德基乌斯
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: ko:데키우스
Rigel 39: Rigel 39:
[[ja:デキウス]]
[[ja:デキウス]]
[[ka:დეციუსი]]
[[ka:დეციუსი]]
[[ko:데키우스]]
[[la:Decius]]
[[la:Decius]]
[[mk:Дециј Трајан]]
[[mk:Дециј Трајан]]
[[no:Decius]]
[[nl:Decius]]
[[nl:Decius]]
[[no:Decius]]
[[pl:Trajan Decjusz]]
[[pl:Trajan Decjusz]]
[[pt:Décio]]
[[pt:Décio]]

De ferzje fan 30 sep 2009 om 15.36

Ofbyld:079 Traianus Decius.jpg
Munt mei ôfbylding fan keizer Desius

Desius, yn it Latyn folút Gaius Messius Quintus Traianus Decius (Pannoanje 190/200 – Dobroedzja 1 july 251) wie Romeinsk keizer fan 249 oant syn dea. Hy is de skiednis yngongen as de earste Romeinske keizer dy't sneuvele yn in slach tsjin barbaren.

Opkomst

Desius wie earst gûverneur fan Moesja. Yn 249 waard hy troch de doetiidske keizer Pilippus de Arabyr beneamd ta praefectus urbi en belêst mei it oerbefel fan it Romeinske leger fan Moesja en Pannoanje. As oerbefelhawwer moast er striid fiere tsjin de Goaten. Troch syn soldaten waard er sawat fuortendaliks nei syn beneaming te Viminiacum ta keizer útroppen en sadanich ek algemien erkend. By Ferona yn Itaalje slagge hy der yn syn tsjinstander en foargonger Philippus te ferslaan, dy't sneuvele yn de striid.

De Goatyske ynvaazje

Desius krige tidens syn bewâld te krijen mei in grutte Goatyske ynfal op de Donau-provinsjes. By Berola hellen de Goaten in sege op de Romeinen en wienen by steat de stêd Philippopel (hjoed it Bulgaarske Plovdiv) te oermasterjen. De keizer luts sels mei in leger op tsjin de Goaten om harren te bestriden. Yn de slach by Abrittus (yn de Dobroedzja) sneuvele Desius, dy't yn 'e stiik litten wie troch syn fjildhear Gaius Vibius Trebonianus Gallus, tegearre mei syn soan en meikeizer Herennius Etruscus. Trebonianus Gallus, gûverneur fan Moesja, soe him opfolge. De twadde soan fan Desius, Hostilianus, waard troch dizze keizer adoptearre en ta meikeizer ferheven.

Keizer Desius waard nei syn dea troch de Romeinen fergodlike.

Keppeling om utens