Haarsnip: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 12: Rigel 12:
* [http://www.sovon.nl/soorten.asp?euring=5180&lang=nl SOVON] Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de haarsnip yn Nederlân
* [http://www.sovon.nl/soorten.asp?euring=5180&lang=nl SOVON] Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de haarsnip yn Nederlân
* [http://www.waarneming.nl/kaart.php?id=231 Kaart fan Nederlân mei waarnimmingen]
* [http://www.waarneming.nl/kaart.php?id=231 Kaart fan Nederlân mei waarnimmingen]
{{commons|Lymnocryptes minimus|Zwergschnepfe (''Lymnocryptes minimus'')}}

[[Kategory:Fûgels]]
[[Kategory:Fûgels]]



De ferzje fan 6 sep 2009 om 19.15

Haarsnip

De haarsnip (Lymnocryptes minimus) is in fûgel út de famylje fan snipeftigen (Scolopacidae).

Dizze lytste snipeftige fan Nederlân hat in lingte fan 18 - 20 sm. Fergelike mei it waarlamke hat er in lytse snaffel, mar folle dikker. Hjirmei is er ek dúdlik te ûnderskieden yn de flecht. Oer syn rêch rinne fjouwer, brede ljochtstreken dy't soargje foar in skutkleur at er him tsjin de grûn parset. By it waarlamke rint de streek troch oer de krún, by de haarsnip net mear.

De haarsnip is in skouwe fûgel dy't him benammen yn it skimertsjuster en de nacht sjen lit. Oerdei is er allinnich war te nimmen as hy opjage wurdt út syn ferskûlplak. Oars as syn kollega snip it waarlamke fleant er leech oer de grûn op 'e siik nei in nij skûlplak in pear meter fierderop. Hy ferskûlet him faak neist de wetterouwer fan streamen en rivieren.

Yn Fryslân en Nederlân binne haarsnippen allinnich by't winter, krektas yn de rest fan West- en Súd-Europa. De fûgels briede yn it noarden fan Ruslân en Skandinaavje.

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Zwergschnepfe (Lymnocryptes minimus)