Transsylvaanje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: eu:Transilvania
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bar:Simbiagn
Rigel 11: Rigel 11:
[[ar:ترانسيلفانيا]]
[[ar:ترانسيلفانيا]]
[[ast:Transilvania]]
[[ast:Transilvania]]
[[bar:Simbiagn]]
[[be:Трансільванія]]
[[be:Трансільванія]]
[[bg:Трансилвания]]
[[bg:Трансилвания]]

De ferzje fan 23 aug 2009 om 03.02

Kaart fan Roemeenje mei histoarysk Transsylvaanje yn giel en hjoeddeisk Transsylvaanje yn it giel en it donkergiel.

Transylvaanje (Roemeensk: Ardeal of Transilvania; Hongaarsk: Erdély; Dútsk: Siebenbürgen is in histoarysk gebiet fan Hongarije en Roemeenje en hjoeddeisk in part fan Roemeenje, yn it sintrale gebiet fan dit lân. It wurdt begrinzge yn it easten en suden troch de Karpaten, histoarysk besjoen yn it westen troch de Apuseni bergen; lykwols de term slaat faken net allinich op Transylvaanje himsels, mar ek op de histoaryske gebieten Crişana, Maramureş, en de (Roemeenske) Banaat. Oradea (Nagyvárad) is in stêd yn dit gebiet.

Transsylvaanje wie yn it ferline de kearn fan it keninkryk fan Daasje (82 foar Kristus - 106). Yn 106 waard it gebied ferôvere fan it Romeinske Ryk en hjirnei waard har rykdom systematysk brûkt. Nei't de Romeinske legioenen har yn 271 weromlutsen, luts de iene nei de oare stamme it gebiet binnen, sadat it dêrtroch ûnder ferskate ynfloedsgebieten rekke. Yn dit tiidrek waarden dielen oerhearske fan de Fisigoaten, Hunnen, Gepiden en Avaren. Hjirnei lutsen de Romeinisearre Daciatyske ynwenners de bergen yn en bewarren sa harren kultuer of hje migrearden nei it suden. It is wierskynlik dat parten fan de mikste Daasjesk-Romeinske bewenners yn Transsylvaanje bleaun binne.

Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.