Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 8: Rigel 8:


==De earste hearskers==
==De earste hearskers==
===De Sjang===
De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken [[1766 f.Kr]] oant [[1122 f.Kr.]]. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch de sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Jin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere Sineeske skrift.
De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken [[1766 f.Kr]] oant [[1122 f.Kr.]]. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch de sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Jin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere Sineeske skrift.


It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch him waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht útoefene waard nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch him waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht útoefene waard nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.


===De Tsjow===
Yn de [[11e ieu f.Kr.]] foelen de [[Tsjow]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen.
Yn de [[11e ieu f.Kr.]] foelen de [[Tsjow]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd [[Lo-jang]] dy't troch har stiften waard. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Tsjow in better grip op de grutte befolking as de Sjang. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Tsjow ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.


De iere oarde fan de Tsjow hat oant [[771 f.Kr.]] doarre, dat jier waard de Tsjow kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Lo-jang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Tsjow ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsgroei en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as [[Konfusius]] en [[Tao]].
de Sjang-hearskers ûnderwurpen troch de [[Tsjow]]. De Tsjow (oant en mei [[256 f.Kr.]]) wienen de opfolgers fan de Sjang en har dynasty giet foarôf oan de [[Tjin]]-dynasty. De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina.

De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei [[256 f.Kr.]].


==It tiidrek fan de keizerriken==
==It tiidrek fan de keizerriken==

De ferzje fan 9 aug 2009 om 11.13

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


De skiednis fan Sina is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de Grutte Oseaan, oan de westkant it Tibetaanske heechberchtme, en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km de Gobywoastyn. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.

Prehistoarje

De earste neolityske beskaving fan Sina wurdt troch argeologen de Jang-sjau-kultuer neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere "hege löss-flakten" yn de tsjintwurdige provinsjes Sjansi, Sjensi en Kansoe. Sy beskikten al oer klean fan jute of syde, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de barch en hûn domestisearre.

De folgjende fase is neamd nei Loen-sjan, it plak dêr't as earste fynsten dyn binne fan dizze typyske kultuer. It skiep en rûnderen waard domestisearre en de ferbou fan rys dy syn yntree. Troch de fynsten fan ferskate soarten grêven docht bliken dat harren kultuer al sosjaal differentisearre wie. De Ljoe-sjan kultuer wurdt derom ek wol sjoen as de basis fan de earste histoaryske beskaving fan de Sina, dy fan de Sjang.

De earste hearskers

De Sjang

De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken 1766 f.Kr oant 1122 f.Kr.. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch de sydrivieren fan de Giele Rivier fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't Jin de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere Sineeske skrift.

It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch him waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht útoefene waard nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.

De Tsjow

Yn de 11e ieu f.Kr. foelen de Tsjow fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd Lo-jang dy't troch har stiften waard. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Tsjow in better grip op de grutte befolking as de Sjang. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Tsjow ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.

De iere oarde fan de Tsjow hat oant 771 f.Kr. doarre, dat jier waard de Tsjow kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Lo-jang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Tsjow ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsgroei en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as Konfusius en Tao.

De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei 256 f.Kr..

It tiidrek fan de keizerriken

Yn 221 f.Kr. ûnderwurp de kening fan de Tjin alle doedestiidse steaten yn Sina en naam de titel fan hwang-ti, keizer oan. Neidat yn 208 f.Kr. oeral opstannen útbrutsen, brocht Lioe Tji as earste keizer fan de nije Han-dynasty frede. Ut de Hantiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende nomadenstammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de Jang-tse. Mar nei in grutte boereopstân fan de saneamde Gielmutsen (ein 2e ieu en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat fan de Han yn trije riken útinoar. Pas yn 589 waard Sina opnij werienige ûnder de Swei-dynasty dy't yn 618 ferfongen waard troch de T'ang-dynasty (oant 907, dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.

It boedisme hie Sina yn de twadde helte fan de 1e ieu berikt, mar fûn pas gruttere útwreiding yn de ieuwen fan politike ferdieldheid.

Yn 907 foel Sina wer yn lytse steatsjes útein oant it yn 975 wer feriene waard troch de earste keizer fan de Soeng-dynasty. Yn 1276 waard hiel Sina oerweldige troch in folk fan nomaden, de Mongoalen dy't Sina feriene en de Juan-dynasty festige. Under har bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger Marko Polo Sina. Yn 1368 waard de Ming-dynasty stiften. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal Zheng He sânris nei lannen om de Yndyske Oseaan, wêrfan trije kear nei de eastkust fan Afrika, mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint.

De moderne tiid

Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. Jeropa waard konkurrint fan Aazje op it mêd fan wittenskip en technology. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa.

Ofbyld:Mao portrait.jpg
Mao Zedong

Mei de ein fan de Twadde Wrâldkriich wie der noch gjin frede yn Sina. De kommunisten fochten tsjin de Kwomintang yn de Sineeske Boargerkriich dy't de kommunisten yn 1949 wûnen. Sûnttiids is Sina in kommunistysk lân mei Mao Zedong as lieder fan de Kommunistyske Partij fan Sina.

Mao krige help fan de Sowjetuny foar de ûntjouwing fan grutte yndustry yn Sina. Net inkeld op ekonomysk mar ek op it militêre mêd woe Mao sjen litte dat Sina in grutmacht wie: wilens de Koreaanske Kriich reagen Sineeske militêren de NAFO út Noard-Korea, Tibet waard yn 1950 beset, dat sûnt 1918 ûnôfhinklik wie fan Sina.

Yn 1997 kaam Hongkong wer by Sina dat sûnt 1897 ferhierd wie oan de Britten.