Grutsirkel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
grutsirkel
 
L robot Erbij:zh
Rigel 11: Rigel 11:
[[fr:Grand cercle]]
[[fr:Grand cercle]]
[[it:Cerchio massimo]]
[[it:Cerchio massimo]]
[[minnan:Tōa-îⁿ]]
[[nl:Grote cirkel]]
[[nl:Grote cirkel]]
[[sv:Storcirkel]]
[[sv:Storcirkel]]
[[zh:大圆线]]
[[zh-min-nan:Tōa-îⁿ]]

De ferzje fan 22 mai 2005 om 11.53

In grutsirkel is de snijsirkel fan it oerflak fan in bol mei in flak troch it middelpunt fan de bol. Ek by de Ierde, en oare planeten, wurdt it wurd grutsirkel brûkt foar dy snijsirkel, alhoewol't de planeten gjin súvere bollen binne.

Op Ierde is de evener de ieniche parallel dy't in grutsirkel is. Oarsom foarmet eltse meridiaan tegearre mei de meridiaan oan de oare kant fan de wrâld in grutsirkel. Ek de sirkels oer de Ierde dy't op deselde twa plakken de evener snije as in grutsirkel in medidiaan bylâns docht, binne wer grutsirkels, dat grutsirkels kinne yn eltse rjochting lizze.

De koartste ferbining tusken twa punten op in bol is it part fan de grutsirkel troch dy twa punten. Der is presys ien sa'n grutsirkel om't trije punten in flak fêstlizze, yn dit gefal it middelpunt fan de Ierde en de twa punten op it ierdoerflak. Sa'n koartste ferbining liket op kaarten lykwols bytiden om in bochtsje te gean. Dat is dan om't op dy kaart, bygelyks yn de Merkatorprojeksje, de grutsirkels net as rjochte line werjûn wurde, meast útsein de evener.