Baptisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: vi:Báp-tít
Rigel 122: Rigel 122:
[[lt:Baptistai]]
[[lt:Baptistai]]
[[lv:Baptisti]]
[[lv:Baptisti]]
[[no:Baptisme]]
[[nds:Baptisten]]
[[nds:Baptisten]]
[[nl:Baptisme]]
[[nl:Baptisme]]
[[nn:Baptisme]]
[[nn:Baptisme]]
[[no:Baptisme]]
[[pl:Baptyzm]]
[[pl:Baptyzm]]
[[pt:Igreja Batista]]
[[pt:Batista (denominação batista)]]
[[ro:Bisericile baptiste]]
[[ro:Bisericile baptiste]]
[[ru:Баптизм]]
[[ru:Баптизм]]

De ferzje fan 15 jul 2009 om 22.08

In folwoeksen doop

It baptisme is in kristlike streaming binnen it protestantisme, ûntstien yn 1609 ûnder Ingelske flechtelingen yn Amsterdam. Twa Ingelske predikanten John Smyth en Thomas Helwys wurde as stifters sjoen. It baptisme kin as in Ingelske fariant fan it anabaptisme beskôge wurde dat is waakst ta in aparte beweging. It ûnderskiedende skaaimerk fan it baptisme is dat de doop troch ûnderdompelen bart. Dit bart pas by folwoeksenen.

Lear en tsjerken

Om in baptist te wezen moat men earst doopt wurde. Dit kin pas nei de bekearing ta it kristendom en troch middel fan in iepenbiere belidenis fan it geloof dat Jezus Kristus komd is as ferlosser. De doop bart troch ûnderdompeljen yn wetter. De foarm fan dopen wêrby't bern besprankele wurde mei wetter, de bernedoop, wurdt net leaud troch baptisten. Dit omdat de bern net bewust binne fan harren dopen.

It wurd “baptist”komt fan it âld Grykske wurd βαπτίζω (sprek út as baptidzo) en betsjut 'dopen'.

Yn de Ingelsktalige wrâld hat de baptistenstreaming in soad oanhing. Charles Spurgeon wie in ferneamd baptistepreker. Der binne yn it baptisten geloof ek wer allegear streamingen dy’t óf frijsinnich binne of ortodoks. Yn de Feriene Steaten is it baptisme ien fan de grutste kristlike streamingen. Dit komt omdat in soad baptisten dy’t ferfolge waarden yn Jeropa nei de Feriene Steaten flechten. De Southern Baptist Convention is ferneamd om harren ortodoksy en harren grutte.

Yn Nederlân is in grut oantal baptistegemeenten oansluten by de Uny fan Baptistegemeenten yn Nederlân. Gemeenten dy’t net oansluten binne neame harren sels frije baptistegemeenten.

Ferneamde baptistegemeenten

Ferneamde baptisten

Oantal baptisten in de wrâld

It oantal baptisten yn de wrâld nimt bot ta. Wrâldwiid binne der likernôch 90 miljoen baptisten.

Lannen oantallen
Feriene Steaten 47.000.000
India 2.400.000
Nigeria 2.300.000
Kongo 1.900.000
Brazylje 1.200.000
Súd-Korea 774.259
kanada 729.470


Keppeling om utens