Epke Zonderland: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Ofbyld fan nl:
Muro Bot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: pt:Epke Zonderland
Rigel 14: Rigel 14:
[[en:Epke Zonderland]]
[[en:Epke Zonderland]]
[[nl:Epke Zonderland]]
[[nl:Epke Zonderland]]
[[pt:Epke Zonderland]]

De ferzje fan 8 jul 2009 om 17.48

Epke Zonderland

Epke Zonderland (De Lemmer, 16 april 1986) is in Fryske turner.

Syn earste súkses helle hy by de junioaren: yn 2004 wûn hy in sulveren medailje op it tastel Rek by de Europeeske Kampioenskippen yn Ljubljana en helle hy de beste oer- alles skore fan alle dielnimmers oan de mearkamp. Itselde jier waard hy ek Nederlânsk Kampioen mearkamp. Hy naam de titel oer fan syn âldere broer Herre.

By it WK yn Melbourne yn 2005 wienen Epke Zonderland en Jeffrey Wammes de earste Nederlânske manlju yn de skiednis dy’t harren wisten te kwalifisearjen foar de mearkampfinale. Hy bleau op alle tastellen foutleas en helle in alfte plak yn it einklassemint. Yn 2006 wûn hy syn earste wrâldbekerwedstryd: yn Teheran helle hy goud op it ûnderdiel Rekstôk.

By de WK turnen 2007 yn it Dútske Stuttgart op 4 septimber 2007 fertsjinne Zonderland in nominaasje foar de Olympyske Simerspullen 2008 yn Peking. Hy moat foar in definitive dielname allinnich noch foarmbehâld oantoane yn 2008. Mocht dit slagje dan is Zonderland de earste Nederlânske manljusturner op Olympyske Spullen sûnt Klaas Boot sr. yn 1928. Yn de tastelfinale rekstôk op it WK einige hy op in fjirde plak.

Epke Zonderland turnet by TSH (Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean) op It Hearrenfean. Hy studearret genêskunde oan de Ryksuniversiteit Grins.