Willehad: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: la:Willehadus
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: eo:Willehad
Rigel 12: Rigel 12:
[[de:Willehad]]
[[de:Willehad]]
[[en:Willehad of Bremen]]
[[en:Willehad of Bremen]]
[[eo:Willehad]]
[[la:Willehadus]]
[[la:Willehadus]]
[[nds:Willehad]]
[[nds:Willehad]]

De ferzje fan 6 jul 2009 om 03.01

Biskop Willehad

Willehad wie in Angelsaksyske misjonaris en biskop út de 8e ieu, dy't in soad Friezen bekeard hat ta it Kristlike leauwen. Yn syn tiid hie er in soad te stelle mei heidenske Friezen.

Sûnt 770 wie Willehad al dwaande, yn de Fryske gebieden, om de heidenen te bekearjen. Oeral stifte er kristlike mienskippen en hy rjochte ek in skoalle op, dêr't bern fan Fryske eallju in kristlike oplieding krije koenen. Yn 775 teach Willehad oer de Lauwers nei eastlik Fryslân en it deroan grinzende Sakselân, dat krekt derfoar troch de Franken oermastere wie. De omstannichhedens wienen dreech en doe't de Friezen yn 782 yn opstân kamen moast er de flecht nimme nei Fryslân westlik fan de Lauwers. Willehad kaam letter werom en krige doe de soarch oer de eastlike Fryske goaën, Rjustringen, Wangerlân en Astergoa. Dizze gebieten foarmen tegearre it bisdom Bremen, dêr't Willehad oant syn dea yn 787 lieding oan joech.

Literatuer

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 78.