Rykswei 31: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Muro Bot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: de:Rijksweg 31
Rigel 33: Rigel 33:
[[Kategory:Autodyk yn Nederlân|31]]
[[Kategory:Autodyk yn Nederlân|31]]


[[de:Rijksweg 31]]
[[nl:Rijksweg 31]]
[[nl:Rijksweg 31]]

De ferzje fan 1 jul 2009 om 16.37

A31
Langte: 66,9 km
Kaart

Rykswei 31 is in autowei en autosnelwei dy't it doarp Surch fia Harns en Ljouwert mei Drachten ferbynt. De wei begjint by knooppunt Surch mei de A7 by de Ofslútdyk en krúst by knooppunt Oerterperfallaat wer de A7. Allinnich tusken Harns en Ljouwert is it in autosnelwei, de rest is autowei. De A31 is ien fan de pear autosnelwegen yn Nederlân dy't net daliks oanslút op in oare autosnelwei.

Wâldwei

It stik fan Ljouwert-Himriksein nei Drachten is de ôfrûne jierren omboud ta in fjouwerstrooks autowei mei skieden rydbanen en hjit ek wol Wâldwei. Underdiel fan de wurksumheden wie de bou fan Akwadukt Langdeel en ferdûbeling fan de Foanejachtbrêge. Op 31 oktober 2007 koe ferkear foar it earst oer it hiele trajekt gebrûk meitsje fan fjouwer rydstroken[1], wêrmei't de ferdûbeling fan de Wâldwei ôfrûne is. It weidiel waard op 21 jannewaris 2008 offisjeel iepene troch minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat.

Heak om Ljouwert

It trajektbeslút ier it gedeelte tusken de ein fan de Waldwei en de A31, ek wol bekend as de Heak om Ljouwert wurdt yn 2007 nomd. Hjirfoar wurde noch meardere farianten bestudearre, mar sa goed as wis is dat de nije wei begjinne sil by Werpsterhoek (de ein fan de Wâldwei) en de N383 by Marsum. By Werpsterhoek soe om 2010 hinne it nije Stasjon Ljouwert Werpsterhoek mei transferium komme moatte. De nije westlike ynfalsrûte fan Ljouwert sil ek oanslute op de Heak om Ljouwert.

Ferdûbeling Surch-Harns

It gedeelte tusken knooppunt Surch en Harns, útsein de traverse troch Harns, wurdt no ek omboud ta fjouwerstrooks autowei. Bysûnder is dat dizze ferbouwing net bedoeld is om in fileprobleem op te lossen, mar om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. It stik N31 tusken Surch en Harns jildt as ien fan de ûnfeilichste wegen fan Nederlân; tusken 1995 en 2000 foelen der 18 deaden op de wei en tusken 1993 en 2000 teffens 37 ferwûnen; yn fergeliking mei oare autowegen barre der relatyf in soad slimme ûngelokkken, fataal of mei letsel, plaats.[2]

Drachten-Emmen

Nei Drachten giet de N31 fierder as de N381 rjochting Emmen.

Oant yn de jierren njoggentich rûn de N31 oer de hjoeddeiske N381, de N34 en oer de Rûnwei fan Emmen nei de N862, wêr't de N31 by Klazienaveen op de N37 oanslute.

Der besteane plannen foar in (gedeeltlike) ferdûbeling of werynrjochting fan de wei Drachten-Appelskea/Hoogersmilde. Mooglik sil dy dan wer omdoopt wurde yn N31.

Referinsjes

  1. Ljouwerter Krante - Wâldwei oer fjouwer banen iepen
  2. N31.nl - achtergrond

Keppeling om utens