Gnostisisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sh:Gnosticizam
Muro Bot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: hu:Gnószticizmus
Rigel 59: Rigel 59:
[[gl:Gnosticismo]]
[[gl:Gnosticismo]]
[[he:גנוסיס]]
[[he:גנוסיס]]
[[hu:Gnoszticizmus]]
[[hu:Gnószticizmus]]
[[ia:Gnosticismo]]
[[ia:Gnosticismo]]
[[ilo:Gnosticismo]]
[[ilo:Gnosticismo]]

De ferzje fan 30 jun 2009 om 18.02

Gnostysisme is in brede godstsjinstige streaming dy't ôfkomstich is út de Aldheid en noch altiten foar komt. Ek yn it kristendom komt it gnostisisme foar ûnder de benaming Gnostyk, wat eartiids in ier kristlike streaming ynhâlde. De term gnostisisme komt etymologysk fan it Grykske wurd foar kunde of ynsjoch, gnosis (γνωσις).

It gnostisisme (witten) is folslein it tsjinoerstelde fan it agnostisisme (net witten). Yn it gnostisisme oerhearsket it sterke gefoel fan (ik fiel it sa lykas ik wit it gewoan en ik leau sa), wylst yn it agnostisisme it ferstân (rede) sterk oerhearsket.

It leauwen

It skaaimerk foar gnostisy is wol dat sy net leauwe (yn godstsjinstige sin), mar harren ynderlike morele gesach boppe elts uterlik gesach stelle. Dit ynderlike gesach komt fuort út gnosis: de kennis fan josels.

It giet by in gnostikus net om wa't it seit, mar om wat it ús seit. As wy ite soenen fan de beam dy't yn it paradys stiet, soenen wy ynsjoch krije yn goed en kwea en krije wy dêrtroch ek sels ynsjoch yn goed en kwea. In soad kristlike gnostsy fersmite dêrom it âlde testamint mei syn bulte wredens, en stikken fan it nije testamint. Guon gnostisy tinke dat de bibel korrumpearre is, oaren binne noch ekstremer: neffens harren is de god út it âlde testamint in oare God as de himelske Heit lykas ferkundige waard troch Jezus Kristus, mar in tsjin-god, in kweade god, Satan. Sy neame dizze mindere god: de demiurch. Dizze demiurch is de skepper fan alle kwea, werby't de definysje fan kwea fariearret: neffens guon gnostisy is de hiele skepping ferkeard (asetisme), neffens oaren allinne de mear dúdlike minne kanten fan it libben, lykas bygelyks sykte.

Guon gnostisy wize it fersoenoffer fan Jesus Kristus ôf, de reden fan syn stjerren oan it krús. Sy leauwe dat rêden allinne mooglik is troch gnosis, troch ûntdekking fan jins eigene sels. Yn dat barren nimt God gjin apart diel fan yn, mar is der sels ûnderdiel fan.

Omdat gnostisy har meastal fersette tsjin godstsjinnich gesach, wienen sy ek tsjin de lieding fan de Tsjerke. Gnostisisme wie net geskikt om minsken te kontrolearjen of te oerhearskjen, eat dat wol mooglik wie by de organisearre tsjerke, krektas by de Roomske Tsjerke. Dêrom koe allinne de Roomske Tsjerke yn it Romeinske Ryk as faktor brûkt wurde omdat de ienheid yn it ryk te bewurkjen, wêrtroch't keizer Konstantyn de Grutte allinnich syn goedkarring joech oan de katoliken en net oan de gnostisy.

It brekken fan de ban tusken gnostisy en de Kristlike Tsjerke, dy't fan Rome út lieden waard, kaam ta stân yn 325 op it Konsylje fan Nicea, dy't hâlden waard op oantrunen fan keizer Konstantyn de Grutte. Der waard bepaald hokker opfettings oer God, Jezus en it kristlik leauwen krekt wie. De op it Konsylje oannommen stellingen, de dogma's, soenen de offisjele lear fan it katolisisme wurde. Al it oare, en dêrby hearde ek it gnostisisme, waard as kettersk beskôge.

Gnostyske religys

In soad gnostyske streamingen geane werom op it Kristendom, mar dit is gjin regel. Sa datearren de Perzyske gnostyske religys fan foar Kristus:

Oare kamen út Egypte of Syrje:

Gnostisisme in ús tiid

Troch de fynst fan de Deade See-rôlen fan Nag Hammady yn 1945 is der in skat oan ynformaasje fûn oer de gnostisy. Dit late ta de oprjochting fan ferskate nije sekten. Noch besteande gnostyske godstsjinsten, lykas it Mandaeanisme, fûnen de hjirby brûkte hokus pokus fan de nije sekten mar neat.

Keppeling om utens