Harkboek: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
boarne LC Freed fan 19 juny 2009
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 11: Rigel 11:
== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
*[http://www.luisterboek.nl Webstee Luisterijk.nl]
*[http://www.luisterboek.nl Webstee Luisterijk.nl]
*[http://www.audiofrysk.nl/ Webstee Audiofrysk]

[[de:Hörbuch]]
[[de:Hörbuch]]
[[en:Audio book]]
[[en:Audio book]]

De ferzje fan 20 jun 2009 om 20.31

In harkboek, ek wol 'audioboek' en earder 'sprutsen boek' neamd, is in opname fan in foarlêzen boek. Yn it kommersjele ferkear wurdt in harkboek útbrocht op compact discs, of as triemmen dy't nei beteljen middels ynternet downloaden wurde kinne. Ek binne er wol guon fergees te downloaden yn mp3 formaat.

Untstean

De oarsprong fabn it sprutsen boek leit yn it bibleteekwurk foar blinen. It brailleboek wie net foar eltsenien út dizze doelgroep geskikt. Mei de komst fan de taperecorder waard it mooglik om boeken op lûdsbân yn te sprekken. Yn Nederlân kaam it earste sprutsen boek út yn 1955 by it blinenynstitút St. Henricus yn Grave. It wie "De âlde man en de see" fan Ernest Hemingway.

Jan Schotanus

Yn Fryslân waarden fan de Nederlânske ferzje fan de Mentha Minnemaboekjes troch skriuwer Jan Schotanus sels ynlêzen Fryske ferzje útjûn yn 2006. Mei help fan in tekstbedriuw hawwe Jan en Marja Schotanus yn 2009 yn fûns opboud fan sa's 35 titels. Krapoan de helte dêrfan bestiet út berneboeken, de oare helte út hjoeddeiske en al wat âldere romans as 'Feroaring fan Lucht' (Rink van der Velde), 'It Ferset' fan Harmen Wind, 'Sûnder garânsje' fan Froukje Annema en 'Een brogge fan glas' fan Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra. De measte skriuwers spreekke har eigen boek yn, mar se wurde ek wol ynlêzen troch skriuwers as Douwe Kootstra.

Harkboeken binne no te besetten middels de side Luisterrijk.nl mei in Frysk 'hoekje'.

Keppeling om utens