Nikolaas fan Myra: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sh:Sveti Nikola
Muro Bot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sc:Nigola
Rigel 50: Rigel 50:
[[ro:Nicolae de Mira]]
[[ro:Nicolae de Mira]]
[[ru:Николай Чудотворец]]
[[ru:Николай Чудотворец]]
[[sc:Nigola]]
[[sh:Sveti Nikola]]
[[sh:Sveti Nikola]]
[[simple:Nicholas of Myra]]
[[simple:Nicholas of Myra]]

De ferzje fan 18 jun 2009 om 18.04

De hillige Niklaas fan Myra en syn libben

Niklaas fan Myra (mûglik likernôch 270 yn Patara - 6 desimber 345 of 352), wie biskop fan Myra. Syn nammedei wurdt fierd as Sinteklaas.

Der is net in soad ynformaasje bewarre bleaun oer Niklaas fan Myra, en fan wat der al is is it meast net wis at it wier om dy Niklaas giet, of om ien fan de oare hilligen mei dy namme.

Niklaas is yn 270 bêrne yn Patara, net fier fan Myra, as soan fan begoede, en strang leauwige âlden. Hy waard neamd nei syn omke dy't biskop wie, en dy't him doe't er njoggentsjin wie ta pryster wijde.

Yn 318 wie er sels biskop wurden en die er mei oan it earste konsylje fan Nikea. Hy wie dêr in fûl tsjinstanner fan it Arianisme, en dit is wêr't er yn Orthodokse lannen yn East-Jeropa ferneamd foar is.

Yn West-Jeropa is er mear ferneamd om't er nei in swiere stoarm in deade seeman ta libben brocht hie, en dat er trije jonge frouen sûnder jild yn it geheim in breidsskat joech om foar te kommen dat se yn de prostitúsje te lânne kamen. Dêrom is er dêr bekend as genêzer en als stille jouwer, en is er de patroan fan seelju, prostitúees en lju dy't yn it geheim wurkje. Hy wurdt faak ôfbylde mei in anker of mei trije gouden pongen.

Likernôch 340 moat er ferstoarn wêze. Hy is begroeven yn Myra. Syn reliken waarden lykwols yn 1087 oerbrocht nei Bari. Hy is de patroan fan ûnder oaren Ruslân en Amsterdam.