Joseph Smith: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Almabot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: gd:Joseph Smith Jr
Rigel 26: Rigel 26:
[[fj:Josefa Simici]]
[[fj:Josefa Simici]]
[[fr:Joseph Smith]]
[[fr:Joseph Smith]]
[[gd:Joseph Smith Jr]]
[[gl:Joseph Smith]]
[[gl:Joseph Smith]]
[[haw:Josepa Samika]]
[[haw:Josepa Samika]]

De ferzje fan 17 jun 2009 om 01.04

Joseph Smith, Jr., Yllustraasje fan Charles William Carter, 1886.

Joseph Smith Jr. (* 23 desimber 1805, Sharon - † 27 juny 1844, Carthage) wie de stifter fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan Letterdei Hilligen.

Joseph Smith Jr. wie de soan fan Joseph Smith Sr. en Lucy Mack Smith. Doe't er fyftjin wie, ferhuze de húshâlding nei Manchester (New York).

Nei sizzen fan Joseph Smith krige er syn earste fisioen yn 1820 doe't er god frege hokfoar Kristlike sekte it by de rjochte ein hie. Him waard sein dat alle sekten mis wienen. Letter, op 21 septimber 1823 waard er troch de ingel Moroni nei in ferburgen boek laat, skreaun op gouden platen. Joseph Smith sette dit Boek fan Mormon oer nei it Ingelsk ta. Dit evangeelje foarmet, tegearre mei lettere iepenbieringen, it boadskip dy't Joseph Smidt útdrage woe.

Op 6 april 1830 stifte er de Tsjerke fan Jezus Kristus fan Letterdei Hilligen. Mar syn boadskip wiek te folle ôf fan it leauwen fan oare minsken. It grutste part fan syn libben waard er ferfolge, en 27 juny 1844 waard er yn de finzenis fan Carthage troch in wapene binde deasketten.