Grûnsoarte: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 jun 2009 om 10.04

Trochsneed boppelaach fan it ierdoerflak

Grûn is in mingsel fan ferware materiaal, floeistoffen en gassen dat oan it ierdoerflak of (flak) dêrûnder sit. It net ferware fêste materiaal wurdt rots neamd.

It ferwaringsproses is in gefolch fan ynwurking fan froast en teiwaar, ynwurking fan de sinne, rein en wyn op de rots, wat úteinlik ta breuk yn it rotsstiente liedet. De rotsblokken komme hjirtroch los, en rôlje nei ûnderen ta, wêrby't lytse dielen meifierd wurde troch rivieren, rjochting de rivierdelta. Troch fierdere slitaazje ûntsteane hieltiten lytsere dielen, efter inoar grint, sân en op it lêste slib.

Foan dêrfoaroer ûntstiet troch it ôfstjerren en rotsjen fan planten.

Bestândielen fan grûn

Grûn bestiet neist wetter en lucht út de folgjende fêste stoffen:

Beneaming fan grûn

Ofhinklik fan de ferhâldings fan boppesteande bestândielen en de ôfkomst fan it materiaal wurdt in namme jûn oan grûn.

Inkele grûnsoarten:

en kombinaasjes hjirfan lykas savel.

Ierde

De algemiene beneaming foar grûn is ierde. Dit is teffens de oantsjutting fan ien fan de fjouwer klassike eleminten.

Ek is it de beneaming foar ús planeet (Ierde) as gehiel, hoewol't mar 30% fan it ierdoerflak út fêstelân bestiet.

Sjoch ek

Berjocht:Boarne