Jeropeesk Parlemint: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: mt:Parlament Ewropew
Rigel 107: Rigel 107:
[[mk:Европски Парламент]]
[[mk:Европски Парламент]]
[[ms:Parlimen Eropah]]
[[ms:Parlimen Eropah]]
[[mt:Parlament Ewropew]]
[[no:Europaparlamentet]]
[[no:Europaparlamentet]]
[[nl:Europees Parlement]]
[[nl:Europees Parlement]]

De ferzje fan 29 mai 2009 om 08.22

It Jeropeesk Parlemint is in direkt keazen folksfertsjinwurdiging fan de Jeropeeske Uny. It is it ienichste ynstitút fan de JU dat direkt troch de boargers keazen wurdt; om de fiif jier fine yn in stikmannich lidsteaten de Jeropeeske ferkiezings plak.

Skiednis

De skiednis fan it Jeropeesk Parlemint begjint by it Ferdrach fan Rome (1957) dat skriuwt oer in Jeropeesk Parlemint dat folkeren fan de Jeropeeske Mienskiep fan doe in fertsjinwurdiging wêze koe. Yn juny 1979 fine de direkte ferkiezings foar dit parlemint plak. Troch de ferdraggen fan ûnder oaren Maastricht (1992) en Amsterdam hat it Jeropeesk Parlemint mear foech krigen. Tsjinwurdich stiet dit foech likernôch gelyk mei de sizzenskip fan in nasjonaal parlemint.

Foech

It Jeropeesk Parlemint stalt yn 'e mande mei de Ried fan Ministers de Jeropeeske wetjouwing gear. De meisizzenskipprosedure dy't sûnt it Ferdrach fan Maastricht ynfierd is, en dy't op hieltyd mear mêden ta te passen is, betsjut dat it grutste part fan de Jeropeeske Feroardenings en Rjochtlinen allinne nei krewearjen en mei tasizzing fan it Jeropeesk Parlemint ta stân kommen. It Parlemint hâldt him ek dwaande mei útjeften fan de Jeropeeske begruttingsmiddels, moat goedkar jaan foar it tatreedzjen fan nije lidsteaten ta de Jeropeeske Uny en is yn it spier foar it befoarderjen fan minskenrjochten bûten de Uny. It Parlemint kin it beneamen fan in foarsitter fan de Jeropeeske Kommisje keare en ek de folsleine Kommisje nei hûs ta stjoere.

It Jeropeesk Parlemint hat lykwols gjin ynisjatyfrjocht en kin sels net mei útstellen ta nije wetten komme. Guon lannen, politike partijen en organisaasje besykje dan ek mear foech nei it Parlemint te heljen.

Gearstalling

It Jeropeesk Parlemint hat 785 leden, dy't út 27 lidsteaten komme. Oant de Jeropeeske ferkiezings fan 10 juny 2004 bestie it Jeropeesk Parlemint út 626 leden. Nei it tatreedzjen fan tsien nije lannen yn maaie 2004 is it tal leden is lykwols útwreide ta 732 leden út 25 lidsteaten, en yn jannewaris 2007 is it op 'e nij 'utwreide doe't Roemeenje en Bulgarije lid fan de uny waarden.

Partijen

Nei de ferkiezings fan 2004 feroare in tal fraksjes fan neam: de fraksje fan de Jeropeeske Liberale en Demokratyske Partij (ELDR) feriene har mei de nije Jeropeeske Demokratyske Partij yn de Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Jeropa (ADLE), wêr de ELDR as Jeropeeske politike partij bestean bliuwt, en Jeropa fan Demokratieën yn Difersiteit waard de fraksje Ûnôfhinkelikens en Demokrasy Groep

De ferdieling fan sitten yn it Jeropeesk Parlemint is fan 2007 de neikommende:

  • Fraksje fan de Jeropeeske folkspartij en Jeropeeske Demokraten (EVP-ED): 277
  • Fraksje fan de Partij fan de Jeropeeske Sosjaaldemokraten (PES): 218
  • Fraksje fan de Alliânsje fan Liberalen en Demokraten foar Jeropa (ALDE): 106
  • Fraksje Uny foar in Europa fan Nasjonale Steaten (UEN): 44
  • Fraksje Jeropeeske Federaasje fan Griene Partijen / Jeropeeske Frije Alliânsje: 42
  • Konfederale Fraksje Jeropeesk Unytêr Lofts/Noards Grien Lofts (EUL/NGL): 41
  • Fraksje Ûnôfhinkelikens en Demokrasy Groep (IND/DEM): 23
  • Fraksje Identiteit, Soevereiniteit en Tradysje (IST): 20
  • Net-ynskreaune partijen yn it Jeropeesk Parlemint: 14

Lannen

Nei de Jeropeeske ferkiezings fan 2007 seach de ferdieling fan de sitten tusken de lannen der sa út:

Lokaasje

Jeropeesk Parlemint yn Straatsburch.

It Jeropeesk Parlemint hat ienris yn de moanne in plenêre gearkomste, dy't fjouwer dagen duorret en yn Straatsburch plak hat. In tal oanfoljende plenêre gearkomsten hat plak yn Brussel. Dêr fine ek alle gearkomsten fan de fêste parlemintêre kommisjes plak dêr't plenêre stimmings tarieden wurde. It Siktariaat-generaal is fêstige yn Lúksemboarch.

Net eltsenien is bliid mei dizze ferskillende haadstêden fan Jeropa. Sa stribbet bygelyks de aksje One Seat nei spesifyk it gearbringjen fan alle funksjes yn Brussel.

Keppeling om utens