Flannaneilannen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Fjoertoer: ynterwiki's
Rigel 13: Rigel 13:
Yn't earstoan wie der gjin radioferbining mei de wâl. Dêrom krige ''gamekeeper'' Roderick MacKenzie as ekstra taak om fan Gallan Head op Lewis it funksjonearen fan de toer yn'e gaten te hâlden en te tinken om ljochtsinjalen fan de wachters. Yn [[1925]] kaam der in triedleaze tillegraafferbining.
Yn't earstoan wie der gjin radioferbining mei de wâl. Dêrom krige ''gamekeeper'' Roderick MacKenzie as ekstra taak om fan Gallan Head op Lewis it funksjonearen fan de toer yn'e gaten te hâlden en te tinken om ljochtsinjalen fan de wachters. Yn [[1925]] kaam der in triedleaze tillegraafferbining.
De fjoertoer is oan't septimber [[1971]] bemanne west. Doe waard it in ''Major Automatic Light''. It eilân en de toer wurde no ien kear yn't jier ynspektearre troch de NLB.
De fjoertoer is oan't septimber [[1971]] bemanne west. Doe waard it in ''Major Automatic Light''. It eilân en de toer wurde no ien kear yn't jier ynspektearre troch de NLB.

[[de:Flannan-Inseln]]
[[fr:Îles Flannan]]
[[ja:フラナン諸島]]
[[no:Flannan Isles]]
[[pl:Wyspy Flannana]]
[[ru:Острова Фланнана]]


== It mystearje fan 1900 ==
== It mystearje fan 1900 ==

De ferzje fan 16 mai 2009 om 20.07

Lizzing fan de Flannan-Eiannen

De Flannan Islands (of Flannan Isles) is in groep fan tolve, rotsige, eilântsjes likernôch 30 kilometer út de kust fan Lewis yn Skotlân. Se wurde ek wol The Seven Hunters neamd. Se hearre by de Bûten-Hebriden. It totale lânoerflakte is mar 50 ha.. De grutste eilânnen binne Eilean Mòr (grut eilân) en Eilean Taigh (hûs eilân). De hjoeddeisk ûnbewenne eilânnen binne in fûgelreservaat en sûnt 1983 in Site of Special Scientific Interest.

Yn it ferline hawwe dêr faaks kluzeners wenne en kamen der pylgers. Yn elts gefal is der op it grutste eilân n Eilean Mòr in ruïne fan in kapeltsje wijd oan St. Flannan (identiteit ûnwis) en op Eilean Taigh it oerbliuwsel fan in wente. Ieuen oanien hawwe manlju fan Lewis de eilânnen ôfstrûpt foar aaien, fûgels en fearren.

Fjoertoer

Fjoertoer op Eilean Mòr

Op Eilean Mòr waard tusken 1895 en 1899 in fjoertoer en in wachterswente bout nei in ûntwerp fan David Alan Stevenson (1834 - 1938). Opdrachtjouwer wie de Northern Lighthouse Board (NLB). De toer is 23 m. heech en syn ljocht rikt 20 nautyske milen. Yn't earstoan wie der gjin radioferbining mei de wâl. Dêrom krige gamekeeper Roderick MacKenzie as ekstra taak om fan Gallan Head op Lewis it funksjonearen fan de toer yn'e gaten te hâlden en te tinken om ljochtsinjalen fan de wachters. Yn 1925 kaam der in triedleaze tillegraafferbining. De fjoertoer is oan't septimber 1971 bemanne west. Doe waard it in Major Automatic Light. It eilân en de toer wurde no ien kear yn't jier ynspektearre troch de NLB.

It mystearje fan 1900

Ferdwining

Op 15 desimber 1899 foel it de bemanning fan de stomer Archer op dat it ljocht fan de fjoertoer út wie. Kaptein Jamie Harvie makke der melding fan yn Oban.

Om't it al dagen stoarmwaar west hie, kaam it befoarriedingsskip Hesperus mei seis dagen opûnthâld, op 26 desimber by Eilean Mòr oan mei foarrie en de ôflosser Joseph Moore. De wachters James Ducat, Thomas Marshall en Donald McArthur wie nearne te bekennen en reagearden net op lûd- en ljochtsinjalen. Moore en trije man fan de Hesperus sochten it hiele eilân ôf, mar fûnen gjin minske.

Op 29 desimber 1900 kaam NLB-ynspekteur Robert Muirhead nei it eilân om de saak te ûndersykjen. Hy befêstige wat Moore en syn mannen ek al tocht hienen: Eilean Mòr wie slim teheistere west troch hege seeën. Dat die bliken út skea oan begroeiïng op grutte hichte, treppen en oare matearjalen. Ek wie der in ton swier rotsblok fan't plak rekke. Fierders lyke it wol dat de trije fjoertoerwachters hastich, sûnder harren oaljepakken oan, bûtendoar rekke wienen. Hja konkludearden dat de wachters fan it eilân spield wêze moasten troch ekstreem hege weagen.

Ferklearrings

De autoriteiten hiene genôch oan de wierskynlike tadracht fan it ûnk en lieten de saak fierders gewurde. Oaren koenen har der net by deljaan en it spekulearjen begûn ek om't slutend bewiis nea kommen is en der nea in spoar fan de manlju wer fûn is. Guon mienden dat de wachters ûntfierd wiene troch bûtenlânske spionnen of dat se meinaam wiene troch mânske seefûgels of sels kolossale seeslangen. Letter kamen der paranormale ferklearrings by, bygelyks ûntfiering troch bûtenierdske wêzens yn UFO's. Ek is der tocht oan moard of dat se harsels tekoart dien hienen.

It romantysk byld fan trije man yn de iensumens fan in isoleare, desolaat eilân sil harres wol ta alternative ferklearrings dien hawwe.

Yn hiel it lân waard er oer skreaun, yn kranten, lieten en fersen. Ek resinter hat it foarfal keunstners ynspireare. Yn 1968 naam de popgroep Genesis de song The Mystery of the Lighthouse op. Peter Maxwell Davies skreaun yn 1979 de keameropera The Lighthouse en fan Angela J. Elliot ferskynde yn 2005 de roman Some Strange Scent of Death.

Serieus ûndersyk troch Nicolson yn 1995 en troch Haswell-Smith yn 2004 hawwe einliks allinnich opsmiten dat Ducat, Marshall en McArthur yndie troch de see ferswolge wêze moatte. Mar it lêste wurd sil der noch wol net oer sein wêze.