Flannaneilannen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5: Rigel 5:
De hjoeddeisk ûnbewenne eilânnen binne in fûgelreservaat en sûnt 1983 in ''Site of Special Scientific Interest''.
De hjoeddeisk ûnbewenne eilânnen binne in fûgelreservaat en sûnt 1983 in ''Site of Special Scientific Interest''.


Yn it ferline hawwe dêr faaks kluzeners wenne en kamen der pylgers. Yn elts gefal binne der op it grutste eilân ''n Eilean Mòr'' ruïnes fan in wente en in kapeltsje wijd oan ''St. Flannan'' (identiteit ûnwis).
Yn it ferline hawwe dêr faaks kluzeners wenne en kamen der pylgers. Yn elts gefal is der op it grutste eilân ''n Eilean Mòr'' in ruïne fan in kapeltsje wijd oan ''St. Flannan'' (identiteit ûnwis) en op ''Eilean Taigh'' it oerbliuwsel fan in wente.
Ieuen oanien hawwe manlju fan Lewis de eilânnen ôfstrûpt foar aaien, fûgels en fearren.
Ieuen oanien hawwe manlju fan Lewis de eilânnen ôfstrûpt foar aaien, fûgels en fearren.



De ferzje fan 15 mai 2009 om 14.15

Lizzing fan de Flannan-Eiannen

De Flannan Islands (of Flannan Isles) is in groep fan tolve, rotsige, eilântsjes likernôch 30 kilometer út de kust fan Lewis yn Skotlân. Se wurde ek wol The Seven Hunters neamd. Se hearre by de Bûten-Hebriden. It totale lânoerflakte is mar 50 ha.. De grutste eilânnen binne Eilean Mòr (grut eilân) en Eilean Taigh (hûs eilân). De hjoeddeisk ûnbewenne eilânnen binne in fûgelreservaat en sûnt 1983 in Site of Special Scientific Interest.

Yn it ferline hawwe dêr faaks kluzeners wenne en kamen der pylgers. Yn elts gefal is der op it grutste eilân n Eilean Mòr in ruïne fan in kapeltsje wijd oan St. Flannan (identiteit ûnwis) en op Eilean Taigh it oerbliuwsel fan in wente. Ieuen oanien hawwe manlju fan Lewis de eilânnen ôfstrûpt foar aaien, fûgels en fearren.

Fjoertoer

Fjoertoer op Eilean Mòr

Op Eilean Mòr waard tusken 1895 en 1899 in fjoertoer en in wachterswente bout nei in ûntwerp fan D. Alan Stevenson. Opdrachtjouwer wie de Northern Lighthouse Board (NLB). De toer is 23 m. heech en syn ljocht rikt 20 nautyske milen. Yn't earstoan wie der gjin radioferbining mei de wâl. Dêrom krige gamekeeper Roderick MacKenzie as ekstra taak om fan Gallan Head op Lewis it funksjonearen fan de toer yn'e gaten te hâlden en te tinken om ljochtsinjalen fan de wachters. Yn 1925 kaam der in triedleaze tillegraafferbining. De fjoertoer is oan't septimber 1971 bemanne west. Doe waard it in Major Automatic Light. It eilân en de toer wurde no ien kear yn't jier ynspektearre troch de NLB.

It mystearje fan 1900

Ferdwining

Op 15 desimber 1899 foel it de bemanning fan de stomer Archer op dat it ljocht fan de fjoertoer út wie. Kaptein Jamie Harvie makke der melding fan yn Oban.

Om't it al dagen stoarmwaar west hie, kaam it befoarriedingsskip Hesperus mei seis dagen opûnthâld, op 26 desimber by Eilean Mòr oan mei foarrie en de ôflosser Joseph Moore. De wachters James Ducat, Thomas Marshall en Donald McArthur wie nearne te bekennen en reagearden net op lûd- en ljochtsinjalen. Moore en trije man fan de Hesperus sochten it hiele eilân ôf, mar fûnen gjin minske.

Op 29 desimber 1900 kaam NLB-ynspekteur Robert Muirhead nei it eilân om de saak te ûndersykjen. Hy befêstige wat Moore en syn mannen ek al tocht hienen: Eilean Mòr wie slim teheistere west troch hege seeën. Dat die bliken út skea oan begroeiïng op grutte hichte, treppen en oare matearjalen. Ek wie der in ton swier rotsblok fan't plak rekke. Fierders lyke it wol dat de trije fjoertoerwachters hastich, sûnder harren oaljepakken oan, bûtendoar rekke wienen. Hja konkludearden dat de wachters fan it eilân spield wêze moasten troch ekstreem hege weagen.

Ferklearrings