Huning: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: thumb|right|300px|Folle huningpotten '''Huning''' is in natuerlik produkt wat net fabryksmjittich makke kin wurde. Huning is in natuerlike swiete flo…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 mai 2009 om 22.17

Folle huningpotten

Huning is in natuerlik produkt wat net fabryksmjittich makke kin wurde. Huning is in natuerlike swiete floeistof makke troch huningbijen dy’t nektar sammelje. De nektar is ôfkomstich fan blommen en befettet sûkers, mineralen en spoare-eleminten. De bijen feroarje de nektar yn hunning trochdat se ensimen tafoegje. Dizze ensimen kinnen net troch laboratoarium nei wurde makke. Derfoar is it produkt te kompleks.

It fermintearje fan de huning (it tafoegjen fan de ensimen) begjint op it momint dat de bij de nektar út de blommen hellet. De bij nimt de nektar op yn har huningblaas en foeget er ensimen oan ta. Sûnder dizze fermetaazje soe it in swiete substânsje bliuwe mar it mei net de namme huning haw. De nektar hat in sûkergehalte fan 10 oant 25 persint. Dit hinget fan de blom ôf. Foar ien liter huning moat in by likernôch 200.000 kear útfleane. Foar 1 potsje huning moat in bij trettsjin kear de wrâld rûn.


De huning produksje

Foar de produksje fan huning wurde bijekasten brûkt. Yn de kasten sitte huningraten. Dizze ramen haw in standert ôfmjitting sadat de ymker se kin útwikselje mei oare kasten. Dêrtroch kin er ek huning út de kast helje. Hy ferfangt in fol raam mei in leech raam. De beste tiid is om rûn april/ maaie te rispjen. Yn augustus kin it faaks noch in kear. It is net de bedoeling om de hiele kast leech te heljen. De bijen moatte fansels net ferhongerje as der weinich te heljen is. Yn augustus krije de bijen sûkerwetter as ferfanging fan de huning. Bijen dy’t honger haw wurde stekkerich. De ymker blaast reek nei de bije as er yn de kast giet. De bijen sûchje harren fol mei huning omdat se mienen dat it spul yn de brân stiet. As de ymker foel troch blaast en de kast fol riek set gean de bijen der fan troch. Se haw dan net folle kâns om te oerlibjen mar se haw yn elts gefal in foarried huning mei.

Huning wat ut de slinger komt

It rispjen fan huning wurdt slingerjen neamd. Dit moat sear soarchfâldich barre. Huning frjemde geuren wurde makkelik opnaam troch de huning. Dus alles moat sear hygiënysk. Farske slingere huning is floeiber, dêrnei wurdt it fêster. Neist naturelike huning is der er ynfierde huning út fiere lannen lykas brazylje. Dizze hunning is net 100 persint huning. De basis is sûkerreid as boarne. De huning wurdt faaks ek ferwaarme sadat in soad kostbere eigenskippen ferlern gean.

Huning yn produkten

Huning bestiet al tûzenen jierren. It wurdt dan ek al lang brûkt yn de genêskunde. Hjoeddeisk wurdt it in soad brûkt yn de beauty en wellness yndustry. Gesichtsmaskers en oare kosmetyske produkten haw faak huning as basis. Huning wurdt brûkt yn de bôle en snobbersguod. Huning wurket kalmearjend op de minsk. Yn guon lannen wurdt it brûkt by behanneling fan branwûnen.


Soarten huning

De smaak en geur en kleur fan de huning wurdt bepaald troch de soarte fan blommen wêr’t de bij de nektar út hellet. Inkele farianten binne: