Haskerhoarne: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:Haskerhorne
Rigel 48: Rigel 48:
[[Kategory:Skarsterlân]]
[[Kategory:Skarsterlân]]


[[en:Haskerhorne]]
[[nds-nl:Haskerhorne]]
[[nds-nl:Haskerhorne]]
[[nl:Haskerhorne]]
[[nl:Haskerhorne]]

De ferzje fan 27 apr 2009 om 02.54

Haskerhoarne
Himrik fan Haskerhoarne
gemeente Skarsterlân
Gritenij Haskerlân
Stimmen 39
Ynwenners (2004) 490
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 57' NB, 5° 49' EL
Netnûmer 0513
Postkoade 8506
Webstee {{{webstee}}}

Haskerhoarne ( ek wol De Hoarne ) is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, súdeast fan De Jouwer. Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente Haskerlân. It doarp hat likernôch 490 ynwenners (2004).

De namme soe ferwize nei nei de hoeke='horne'/'herne' fan Haskerlân It doarp lei yn de Midsieuwen ek yn de gritenij Hasker Fiifgea. De gritenij Hasker Fiifgea ûntstie yn de 15e ieu as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen Aldehaske, Haskerhoarne, Nijehaske, Westermar en Sniksweach.

Eartiids waard hjir ek turf stutsen. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels yn it doarp, minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende De Jouwer

It doarp hat in begraafplak dêr't alle ynwenners begroeven wurde kinne. Ek Hotze Brouwer ligt dêr begroeven. Fierders is der in eigen tennisferiening en in basisskoalle: 'De Lytse Mienskip'. De toanielferiening hjit "Trije Botsende Hoanne".

Sûnt hat by it hûndertjierrich bestean fan Doarpsbelang yn 2007 krige Haskerhorne in eigen wapen en flagge. It doarpshûs hjit It Trefpunt.

Yn 1897 waard yn it doarp in koöperative molkfabryk stifte. Dizze waard yn de jieren santich sluten. Sûnt dy tiid is der net folle wurk mar wol mear rêst yn it doarp komd, benammen ek troch it kearen fan slûpferkear troch it doarp. By de Wyldehoarnster Singel is in einekoai.

Befolking

Iepenbier Ferfier

Strjitten:

Biesterboschstrjitte, Flueskamp, Gravinnesingel, Haulsterwei, Hotze Brouwerstrjitte, Jousterwei, Tsjerkepaad, Lange Ekers, Polderboskdyk, Rykswei, Van Claerbergenstrjitte, Wyldehoarnstersingel.

Literatuer

  • Elske Dijkstra-Pekema - ‘Doarpslibben Haskerhoarne’.

Sjoch ek

Keppeling om utens