Freonen fan Omrop Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: '''De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân''' (FFOF), is de ‘fanclub’ fan de omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske omrop foar radio en televyzje. …
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 apr 2009 om 19.22

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FFOF), is de ‘fanclub’ fan de omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske omrop foar radio en televyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.

Aktiviteiten

De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it blêd Each en Ear, dat fjouwer kear jiers útkomt. Se organisearje ekskurzjes, fytstochten, lêzings en in jierfergadering yn kombinaasje mei besite oan in rjochtstreeks radio- of televyzjeprogramma. Fia de Freonen fan Omrop Fryslân krije de leden ek faak koartings op Fryske boeken en CD' s.