Westerkertier: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kat
oanf - it meastepart obf http://nl.wikipedia.org/w/index.php?title=Westerkwartier_(Groningen)&oldid=15148837
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Locatie Westerkwartier.png|thumb|280px|It Westerkertier]]
[[Ofbyld:Locatie Westerkwartier.png|thumb|280px|De lokaasje fan it Westerkertier yn de provinsje [[Grinslân]]]]
It '''Westerkertier''' is in gea yn [[Grinslân]], tsjin de grins mei [[Fryslân]] oan. Yn it ferline hat it Frysk west. Yn it westen fan it Westerkertier (de doarpen: [[Mearum]], [[De Wylp]] en [[De Grinzer Pein|De Pein]]) wurdt noch Frysk sprutsen. Yn de rest wordt [[Westerkertiersk]] sprutsen.
It '''Westerkertier''' (Grinslânsk: ''Westerkertaaier'', lokaal: ''Westerkertier'') is in gea yn it westen fan de provinsje [[Grinslân]]. De streek wurdt beheind troch de [[Lauwers]] (dy't ek de grins mei [[Fryslân]] is), [[Drinte]], it [[Reitdjip]] en de stêd [[Grins]]. De grutste plakken yn it Westerkertier binne [[De Like]] en [[Súdhorn]].


== Beskriuwing ==
It grutste plak fan it Westerkertier is [[De Like]]. By De Like stiet de boarch [[Nienoord]].
It Westerkertier hjit sa om't it de meast westlike fan de trije [[Ommelannen]] wie. It bestie yn it earstoan út trije ûnderkertieren: [[Fredewold]], [[Langewold]] en [[Humsterlân]]. Letter waard [[Middag]] it fjirde. Oant yn de [[Midsieuwen]] wie it Westerkertier yn wêzen in ûnôfhinklik gebied, dat selsstannich lid wie fan de Ommelander Uny, mar it waard yn [[1594]] by de [[Reduksje fan Grins]] twongen ta oanslúting by de provinsje [[Stad en Lande]]. It hjoeddeiske Westerkertier bestiet út it grûngebied fan de gemeenten [[Grootegast]], [[Mearum (gemeente)|Mearum]], De Like, Súdhorn, en fan de eardere gemeente [[Ezinge]].


Lânskiplik bestiet it Westerkertier út twa parten. It noardlike stik is in âld [[kwelder]]gebied fan de [[Lauwerssee]], [[klaai]]lân dat yn de rin fan ieuwen ûnder oaren troch de muontsen fan it [[Kleaster fan Aduard]] op de see wûn is. Dit part fan it Westerkertier wurdt rekkene ta de âldste kultuerlânskippen fan Jeropa en is foardroegen foar de [[Wrâlderfgoedlist]] fan [[UNESCO]]. Om [[800]] hinne wie dit ien fan de meast tichtbefolke parten fan wat no Nederlân is. De minsken wennen der yn [[terpdoarp]]en as Ezinge, [[Oldehove]] en [[Niehove]]. It súdlike part fan it Westerkertier is in sabeare [[kûlisselânskip]], in gebied fan [[sângrûn]] en ôfgroeven [[fean]], dat tekene wurdt troch [[houtwâl]]en en dat in soad hat fan de oanbuorjende [[Fryske Wâlden]]. Doarpen as [[Niekerk]], [[Mearum]] en [[Grootegast]] lizze yn dizze krite op âlde [[sânrêch|sânrêgen]] en binne dan ek [[lintdoarp]]en.
{{stobbe}}

== Westerkertiersk ==
Yn de streek wurdt [[Westerkertiersk]] sprutsen. Yn dit dialekt fan it [[Grinslânsk]] binne in soad ynfloeden fan it [[Frysk]] werom te finen, dat yn it Westerkertier oant yn de [[15e ieu|fyftjinde ieu]] de deiske taal wie. Yn de doarpen [[Mearum]], [[De Wylp]] en [[De Grinzer Pein|De Pein]] wurdt ek no noch Frysk sprutsen.

== Wetterskip ==
It ''Westerkertier'' wie ek de namme fan in earder [[wetterskip]], dat him bekroade om de wetterhúshâlding yn in gebied dat foar it meastepart gearfoel mei it gea. Yn 1995 is it opgongen yn it wetterskip [[Noorderzijlvest]]. Yn it westlike part fan it Westerkertier wurde wettersaken fersoarge troch it [[Wetterskip Fryslân]]

== Keppelingen om utens ==
*[http://www.mienwesterkwartier.nl Mien Westerkwartier, taal en cultuur] (yn it Westerkertierks)
*[http://www.westerkwartier.org/ Werkgroep StreekInitiatief Westerkwartier (WSI)]


[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]

De ferzje fan 18 apr 2009 om 23.08

De lokaasje fan it Westerkertier yn de provinsje Grinslân

It Westerkertier (Grinslânsk: Westerkertaaier, lokaal: Westerkertier) is in gea yn it westen fan de provinsje Grinslân. De streek wurdt beheind troch de Lauwers (dy't ek de grins mei Fryslân is), Drinte, it Reitdjip en de stêd Grins. De grutste plakken yn it Westerkertier binne De Like en Súdhorn.

Beskriuwing

It Westerkertier hjit sa om't it de meast westlike fan de trije Ommelannen wie. It bestie yn it earstoan út trije ûnderkertieren: Fredewold, Langewold en Humsterlân. Letter waard Middag it fjirde. Oant yn de Midsieuwen wie it Westerkertier yn wêzen in ûnôfhinklik gebied, dat selsstannich lid wie fan de Ommelander Uny, mar it waard yn 1594 by de Reduksje fan Grins twongen ta oanslúting by de provinsje Stad en Lande. It hjoeddeiske Westerkertier bestiet út it grûngebied fan de gemeenten Grootegast, Mearum, De Like, Súdhorn, en fan de eardere gemeente Ezinge.

Lânskiplik bestiet it Westerkertier út twa parten. It noardlike stik is in âld kweldergebied fan de Lauwerssee, klaailân dat yn de rin fan ieuwen ûnder oaren troch de muontsen fan it Kleaster fan Aduard op de see wûn is. Dit part fan it Westerkertier wurdt rekkene ta de âldste kultuerlânskippen fan Jeropa en is foardroegen foar de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Om 800 hinne wie dit ien fan de meast tichtbefolke parten fan wat no Nederlân is. De minsken wennen der yn terpdoarpen as Ezinge, Oldehove en Niehove. It súdlike part fan it Westerkertier is in sabeare kûlisselânskip, in gebied fan sângrûn en ôfgroeven fean, dat tekene wurdt troch houtwâlen en dat in soad hat fan de oanbuorjende Fryske Wâlden. Doarpen as Niekerk, Mearum en Grootegast lizze yn dizze krite op âlde sânrêgen en binne dan ek lintdoarpen.

Westerkertiersk

Yn de streek wurdt Westerkertiersk sprutsen. Yn dit dialekt fan it Grinslânsk binne in soad ynfloeden fan it Frysk werom te finen, dat yn it Westerkertier oant yn de fyftjinde ieu de deiske taal wie. Yn de doarpen Mearum, De Wylp en De Pein wurdt ek no noch Frysk sprutsen.

Wetterskip

It Westerkertier wie ek de namme fan in earder wetterskip, dat him bekroade om de wetterhúshâlding yn in gebied dat foar it meastepart gearfoel mei it gea. Yn 1995 is it opgongen yn it wetterskip Noorderzijlvest. Yn it westlike part fan it Westerkertier wurde wettersaken fersoarge troch it Wetterskip Fryslân

Keppelingen om utens