Katarina de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: br:Katelin II
Muro Bot (oerlis | bydragen)
Rigel 70: Rigel 70:
[[sv:Katarina II]]
[[sv:Katarina II]]
[[th:สมเด็จพระจักรพรรดินีนาถแคทเธอรีนที่ 2 แห่งรัสเซีย]]
[[th:สมเด็จพระจักรพรรดินีนาถแคทเธอรีนที่ 2 แห่งรัสเซีย]]
[[tl:Catherine II ng Rusya]]
[[tr:II. Katerina (Rusya)]]
[[tr:II. Katerina (Rusya)]]
[[tt:Ekaterina II]]
[[tt:Ekaterina II]]

De ferzje fan 15 apr 2009 om 16.05

Katarina de Grutte
In monumint ta eare fan Katarina de Grutte

Katarina II Aleksejevna (Russysk: Екатерина II Алексеевна; [Jekaterina II Aleksejevna]), bijnamme Katarina de Grutte (Екатерина Великая; Jekaterina Velikaja) (Stettin, 2 maaie 1729 - Tsarskoje Selo, 17 novimber 1796) wie fan 1762 oant 1796 tsarina fan Ruslân.

Katarina de Grutte waard berne yn Dútslân yn it plak Stettin, dat hjoeddeis yn it noardwesten fan Poalen leit. Doe't se fyftjin jier âld wie krige se in útnoeging fan de Russyske tsarina Elisabeth en Gruthartoch Peter Fedorovich foar in besite oan it Russyske hof. Dit hie ta doel dat se har ferlove soe mei dizze Gruthartoch, har eigen neef en troanopfolger fan de Russyske troan. Op 21 augustus 1745 waard it houlik sletten. Nei it houlik giet se oer ta it East-Ortodokse leauwen en krijt de foarnammen Ekaterina Aleksejevna.

Harren relaasje wie fan begjin ôf oan gespannen. Dit waard fersterke troch it egoïstyske en swartgallige karakter fan de pokte troanopfolger dy’t troch in bernesykte ek hast hielendal keal wie. It houlik bleau berneleas oant Peter troch in operaasje yn steat wie om op in normale manier in seksuele relaasje te hawwen. Nei njoggen jier houlik krige Katarina in soan, Paul. Dizze soan waard fuortendaliks meinomd troch beppe Elisabeth wêrtroch Katarina har soan somtiden moannenlang net te sjen krige. Peter bestiigde de troan fan Ruslân nei it ferstjerren fan tsarina Elisabeth yn 1761. Peter wie in grut bewûnderer fan Ruslâns froegere fijân, de Prusyske kening Freark. Peter herfoarme it Russyske leger nei Prusysk foarbyld, soks ta grutte argewaasje fan de striidmacht sels. Yn juny 1762 kamen in grut oantal Russyske offisieren yn opstân en krigen Katarina safier om har oan harren side te krijen. Katarina spruts de soldaten ta en frege om beskerming tsjin de wraak fan har echtgenoat. Peter wie op dat stuit mei syn mêtressen en mei syn gefolch op it keizerlike bûtenferbliuw “Oranienbaum”. Peter ferskûle him yn Kronstadt in fersterke stêd flakby Sint Petersburch. Der hearde hy dat Katarina útroppen wie ta tsarina. Twongen om syn troan op te jaan waard Peter yn de finzenis goaid. Twa wike letter ferstjert hy ûnder mysterieuze omstannichheden.

Katarina giet rap oan it wurk as tsarina. Se organisearre de finânsjes, yntrodusearre moderne lânboumetoaden en seach ta op de ûntwikkeling fan de skipfeart, de minen, de tekstylyndustry en in netwurk fan diken, spoaren en brêgen. Dit liede ta in eksplosive groei fan de wolfeart fan Ruslân. Ek wie se ferantwurdlik foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis, sûnenssoarch en it oprjochtsjen fan weeshuzen. Se hat in soad dien foar Ruslân. Dôchs waard se bespot om har priveelibben. Se wie iensum en se hie ferskeidene affêres hân dy’t troch har hege posysje faak swier oerdreaun waarden. Har minnaars wienen faak ministers. De ferneamdste is Potemkin. Katarina hat nea in waarme relaasje ûntwikkelje kind mei har soan en erfgenamt Paul, mar se hie wol in ôfgryslike sterke bân mei har beppesizzer. Katarina skreaun graach brieven. Dit die se mei ferskillende minsken troch hiel Jeropa hinne. Se skreaun bygelyks mei Voltaire en Diderot.

Doe't har libben eindige troch in beroerte yn novimber 1796 liet se in sterker en better organisearre Ruslân nei.