Sjoerd de Vries (byldzjend keunstner): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
ferwizing
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 6: Rigel 6:
Yn [[1971]] ûntstie der reboelje oer in portret dat de Vries fan [[mr. A.A.M. van der Meulen]], âld-boargemaster fan de Gemeente [[Ljouwert]], makke hie. Van der Meulen fûn dat it skilderij net goed like, syn earen soene te grut ôfbylde wêze. Fia de rjochter twong er in eksposysjeferbod foar it portret ôf oan't 10 jier nei syn ferstjerren. Op freed [[24 oktober]] [[2003]] rûn dat ultimatum ôf en waard it portret tentoansteld yn it [[Frysk Museum]].

===Ferwizing==
===Ferwizing===
[http://www.artmediagallery.nl/archief/sjoerd/ Sjoerd de Vries op Art Mediagallery]
[http://www.artmediagallery.nl/archief/sjoerd/ Sjoerd de Vries op Art Mediagallery]

De ferzje fan 12 des 2004 om 18.06

Byldzjend keunstner Sjoerd de Vries is op 9 novimber 1941 berne yn Aldehaske. Syn 'hannelsmerk' is de mingde technyk dy't er foar syn wurk brûkt: Ald karton mei bonkelym tusken de lagen dat er ynsneit, bewurket mei in strykizer, beskildert, op 'e nij mei it mes bewurket ensfh.

Syn atelier yn de Muntflat op it Hearrenfean neamt er ek wol syn laboratorium. De Deelen, neffens de Vries 'de ûnderkant fan de Himalaya' is ien fan syn favoarite ûnderwerpen. Fierder is er bekend fan syn (sels-)portretten.

Yn 1971 ûntstie der reboelje oer in portret dat de Vries fan mr. A.A.M. van der Meulen, âld-boargemaster fan de Gemeente Ljouwert, makke hie. Van der Meulen fûn dat it skilderij net goed like, syn earen soene te grut ôfbylde wêze. Fia de rjochter twong er in eksposysjeferbod foar it portret ôf oan't 10 jier nei syn ferstjerren. Op freed 24 oktober 2003 rûn dat ultimatum ôf en waard it portret tentoansteld yn it Frysk Museum.

Ferwizing

Sjoerd de Vries op Art Mediagallery