Septimius Sevearus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
pannoanje
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: an:Septimio Sebero
Rigel 25: Rigel 25:
[[Kategory:Romeinske keizer|Septimus Severus]]
[[Kategory:Romeinske keizer|Septimus Severus]]


[[an:Septimio Sebero]]
[[ar:سيبتيموس سيفيروس]]
[[ar:سيبتيموس سيفيروس]]
[[bg:Септимий Север]]
[[bg:Септимий Север]]
Rigel 53: Rigel 54:
[[mk:Септимиј Север]]
[[mk:Септимиј Север]]
[[mr:सेप्टिमियस सेव्हेरस]]
[[mr:सेप्टिमियस सेव्हेरस]]
[[nl:Septimius Severus]]
[[no:Septimius Severus]]
[[no:Septimius Severus]]
[[nl:Septimius Severus]]
[[pl:Septymiusz Sewer]]
[[pl:Septymiusz Sewer]]
[[pt:Septímio Severo]]
[[pt:Septímio Severo]]

De ferzje fan 6 apr 2009 om 23.05

Byld fan Septimus Severus

Septimius Severus (11 april 1454 febrewaris 211) (ek wol Lusius Septimus Severus) wie Keizer fan Rome fan 193 oant 211.

Jonge jierren

Septimius Severus waard berne yn de Noard-Afrikaanske stêd Leptis Magna (ek Lepcis Magna). Hy troude yn 187 mei in rike Syryske prinses Julia Domna (syn twadde houlik). Yn 188 en 189 krige hy twa soannen, de takomstige keizers Karakalla en Geta. Yn it jier 190 wie hy konsul fan Rome.

Striid om de Macht

Doe't keizer Pertinaks op 28 maart 193 fermoarde waard en der in boargeroarloch ûntstie yn it Romeinske ryk, wie Septimius op dat stuit gûverneur yn Boppe-Pannoanje. Hy hie it dêr te sizzen oer in oantal legioenen. Amperoan 12 dagen, neidat yn Rome it keizerskip by opbod ferkocht wie oan de heechste bieder, Didius Julianus, rôpen syn soldaten him út ta tsjinkeizer op 9 april.

Tagelyk hienen oare troepen yn oare parten fan it ryk om deselde reden ek harren kommandanten ta keizer útroppen: Klodius Albinus (gûverneur fan Brittanje) en Pessennius Niger (gûverneur fan Syrje). Lykwols hie Severus mear legioenen ta syn beskikking en ek wied er it tichtst by Rome. Hy sette him ta de haadstêd en liet keizer Julianus ôfsette en fermoardzje. De moardners fan Pertinaks waarden opspoard en ek terjochtsteld.

As earste moast Severus foar rêst soargje en him mei de oare útroppen keizers bemuoie. Hy sluet frede mei Klodius Albinus en joech him de titel Caesar. Dêrnei konsintrearre hy him op Pessennius Niger dy't yn it easten hearske. Nei in drege striid yn Cilicia hied er yn 194 it hiele ryk ûnder kontrôle.

Al gau beluts Severus syn soannen by it regear fan it ryk. Hy joech Karakalla yn 195 de titel Caesar en liet de senaat Albinus ta steatsfijân ferklearje. Severus fersloech Albinus yn ien fan de grutste fjildslaggen út de Romeinske skiednis, nammentlik yn Lugdunum op 19 febrewaris 197. Albinus moast flechtsje en die himsels tekoart.

Dêrnei oermastere Severus, tegearre mei syn soannen, Partia en de haadstêd Ctesiphon yn 198, wêrby de stêd leechrôve waard, alle mannen deade en de om-ende-by hûnderttûzen froulju en bern dy't it oerlibbe hienen waarden as slaven meinommen. Karakalla krige no de titel fan Augustus (meikeizer) en syn jongste soan Geta joech er de frijkommende titel Caesar. Yn 209 liet er ek Geta beneame as meikeizer.

Ein

Utsein Partia, oermastere Severus ek gebieten yn Noard-Afrika en rjochte hy syn oandacht op Brittanje, dêr't hy de tachtich jier âlde muorre fan Hadrianus wêr nedich werstelle liet. Op 65-jierrige leeftyd stoar er in natuerlike dea op 4 febrewaris 211 yn York. Syn beide soannen folgen him op.

Keppeling om utens