Bart Schuil: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
+ defaultsort
Rigel 32: Rigel 32:
* [http://www.nrc.nl/W2/Nieuws/1998/08/29/Rtv/02.html Artikel oer Bart Schuil en Jan Meulendijks]
* [http://www.nrc.nl/W2/Nieuws/1998/08/29/Rtv/02.html Artikel oer Bart Schuil en Jan Meulendijks]


{{DEFAULTSORT:Schuil, Bart}}
[[Kategory:Puzel]]
[[Kategory:Snits]]
[[Kategory:Snits]]
[[Kategory:Puzel]]

De ferzje fan 2 apr 2009 om 15.49

Bart Schuil (Snits, 21 april 1942), is in Nederlânske puzelmakker en betinker/gearstaller fan televyzjeprogramma's. Hy gie nei de HBS en de learareoplieding Nederlânsk oan de Fryske Akademy. Op syn tweintichste gie hy yn tsjinst en bleau dêrnei yn Amsterdam hingjen. Hy leit him no ta op de handel yn antyk en is foarsitter foar de VVD yn it stedsdiel Sintrum.

Hy fûn wurk by útjouwerij Spectrum, Het Vrije Volk en dêrnei by in fersekeringsmaatskippij en útjouwerij Rijam. Yn 1969 trof Schuil Jan Meulendijks dy't yn 1968 begûn wie as puzelmakker. Tegearre makken se letter de televyzjeproduksje Ien Horizontaal dat middels de telefoan meispile wurde koe. Hjirnei folge Wegwezen (foar autoridende pearen). It wie de oanrin nei in hiel soad oare programma's:

  • AVRO's puzzeluur (in soarte krúswurdpuzel op televyzje mei Jos Brink),hjirmei wûnen se de Televizierring
  • Wie-Kent-Kwis, mei Fred Oster
  • Op Goed geluk
  • 10 voor Taal
  • Prijs je Rijk
  • Babbelonië (letter kopiearre as Wie Ben Ik mei André van Duyn en Ron Brandsteder)
  • Dinges
  • Einstein
  • Prijzenslag

en yn Belgje noch Topscore en Denksportkampioen. De rjochten binne ek ferkocht oan lannen as Dútslân en Itaalje. De beide manlju wennen en wurken tegearre oan in pân oan de Amsterdamske Singelgrêft. Yn de wykeinen hienen se in wykeinhúske by Blesdike. Se leverje puzels oan De Volkskrant en twa oare Nederlânske kranten en Meulendijk jout ek noch eigen puzelboekjes út. Tegearre rjochten se WIN-produksjes op. De útjouwerij fan puzelboekjes waaard letter ferkocht oan VNU (Keesing) en it televyzje-produksjeburo oan Endemol.

Utjeften

as ko-auteur:

  • Het grote Crypto woordenboek
  • Cryptoniemen
  • Het nieuwe cryptowoordenboek
  • Anagrammenwoordenboek
  • Herexamen
  • Tien voor Taal
  • Vreemd Nederlands
  • Het leukste uit Dinges
  • Nog meer leuks uit Dinges
  • Topscore woordenmaat
  • Doe nu zelf Herexamen
  • Spreekwoordelijk Nederlands

Keppeling om utens