Wylde ein: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: gd:Tunnag fhiadhaich
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: kv:Горда
Rigel 44: Rigel 44:
[[ja:マガモ]]
[[ja:マガモ]]
[[ko:청둥오리]]
[[ko:청둥오리]]
[[kv:Горда]]
[[la:Anas platyrhynchos]]
[[la:Anas platyrhynchos]]
[[lt:Didžioji antis]]
[[lt:Didžioji antis]]

De ferzje fan 19 mrt 2009 om 18.24

Berjocht:Soarte De Wylde Ein (Anas platyrhynchos) is in fûgel út it skaai fan de Einen en de famylje fan de einfûgels dy't yn Fryslân in protte foarkomt. De jerke is goed wer te kennen oan syn glânzjende griene kop, syn wite halsbân en syn kastanjebrune boarst. It brune wyfke is minder opfallend. Beide einen hawwe in blau plak op de wjukken, mei wite streken der bylâns. De wylde ein is sa'n 58 sm grut en tusken de 700-1500 gram swier.

Fersprieding

De Wylde Ein komt foar yn hiel Euraazje, op Yslân, Grienlân en hiel Noard-Amearika. Yn it noardlike part fan syn briedgebiet is it in echte trekfûgel. Bûten de briedtiid meie de wylde einen graach yn groepen byinoar libje. De wylde ein is in echte wetterfûgel en is te finen op marren en rivieren mar ek by sleatten en bygelyks fivers midden yn de stêd.

Fuortplanting

De wylde einen begjinne yn april of maaie te brieden. It nêst is meastal goed ferburgen yn it hege gers fan in berm of yn in holle stobbe fan in beam. It wyfke leit eltse dei in aai en begjint te brieden neidat se it leste aai lein hat. De 7-16 aaien wurde troch it wyfke yn sa'n 4 wike utbret. Wylde einen binne nêstflechters, neidat de jonge pykjes út it aai kaam binne geane se fuort mei harren mem mei nei it wetter. At de jongen 8 wike âld binne kinne se fleane.

Sjoch ek