De Harkema: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 46: Rigel 46:
* Hercules - gymnastyk
* Hercules - gymnastyk
* [[HVC]] - folleybal
* [[HVC]] - folleybal
* Kuorbalferiening De Harkema
* [[Kuorbalferiening De Harkema]]
* Harkjemar - toaniel
* Harkjemar - toaniel
* Tennisclub De Harkema
* Tennisclub De Harkema
* Iisclub De Harkema
* Iisclub De Harkema
* De Heideruters - hynderryde
* De Heideruters - hynsteride
* De Harrekieten - boerekapel
* De Harrekiten - boerekapel
* [[It Heideblomke]] brassband
* [[It Heideblomke]] - brassband


==Bekende Harrekiten==
==Bekende Harrekiten==

De ferzje fan 1 mrt 2009 om 14.56

De Harkema
Himrik fan De Harkema
gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 16 (as Harkema Opende)
Ynwenners (2008) 4228
Huzen 1709
Koördinaten 53° 11' NB, 6° 8' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9281
Webstee www.mooiharkema.nl

De Harkema is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, west fan Surhústerfean. It doarp hat 4.228 ynwenners (2008). De Wynroas en It Holdersnêst binne de skoallen fan De Harkema. Yn 2007 kamen der plannen foar in nij winkelsintrum.

Skiednis

Oan'e ein fan de 18e ieu wie it dien mei de turfgraverij en in soad minsken bleaune sûnder wurk op de oerbliuwende heide op de ûnfruchtbere sângrûn. It gebiet ûnder Droegeham hiet de de Hamsterheide en it gebiet dat ûnder Surhuzum foel waard de Surhuzumerheide neamd. In soad minsken wennen yn in keet fan stutsen heideseadden. Der wie lân genôch mar faak waard de eigener (faak de tsjerke of de gemeente) net om tastimming frege. Yn de lytse spitketen wennen faak grutte húshâldings. De measte minsken fan de heide hiene net folle kontakt mei minsken bûten dit wat isolearre gebiet. Groepkes spitketen dy't by elkoar stiene waarden Smoarhoeke, de Fûgelkamp, Barchhiem, de Bulten, de Dunen en de Bosk neamd. Nei 1850 kamen evangelisten en dûmny's nei de heide om se situaasje te ferbetterjen. Der wiene in soad misstannen, wurkleazens en drankmisbrûk. In bekende dûmny wie ds. Lambertus Nankes Warmolts. It boadskip dat de earmoede troch God bepaald wie en dus net aktyf tsjin yngien wurde mocht. It sosjalisme dat yn dy tiid op kaam wie frege krekt wol om aktyf te wêzen. Jelle Dam wie , hoewol in leauwich man, ien foaroanman út dy tiid. Letter wie it ek Durk Mozes dy't him foar de heidsjers ynsette. Der kaam in skoalle en de Wenningwet makke dat der mear minsken út de spitketen wei yn stiennen húskes kamen te wenjen. Yn 1921 waard dit Harkema De Pein neamd. De namme waard letter feroare yn De Harkema.

Temapark De Spitkeet

Yn it Iepenloftmuseum De Spitkeet dy't simmerdeis iepensteld is, is te sjen hoe't men hjir tusken 1850-1920 libbe. Der is in earmentsjerkhôf, in spitkeet, in wâldhúske, in fruithof en in skieppehok en in wenningwetwente.

Wapen fan De Harkema

De liuw is ôflaat fan de it wapen fan de famylje Harckema. Op in tsjerkebank yn Stynsgea is dy ek noch te sjen. Buwe Harkema, de stifter fan it Buwekleaster hie doe noch net dit wapen. De reade kleur tsjut de bloeiende heide oan, it turfblok it turfstekken en de ikel symbolisearret de iken yn de Fryske Wâlden.

Untwikkeling ynwennertal

  • 2008 - 4.228
  • 2006 - 4.292
  • 2002 - 4.275
  • 1998 - 4.291
  • 1994 - 4.296
  • 1990 - 4.215
  • 1970 - 3.486
  • 1965 - 3.224
  • 1960 - 2.839
  • 1955 - 2.841
  • 1913 - 1.204
  • 1848 - 483

Mienskip

Pleatslik Belang De Harkema is dwaande mei de takomstfyzje fan it doarp. De redaksje fan it Doarpsblêd hat yn eigen behear in fotoboek útjûn. Sûnt 2003 bestiet de Kommisje Doarpsfeest. De "Panne"is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt oan immen dy't him fertsjinstlik makke hat foar it doarp. Clubhûs Harkema is der foar sosjaal-kultureel wurk.

Ferienings

Bekende Harrekiten

Strjitten

Alle strjitten yn De Harkema.

Literatuer

  • Hendrik Land -“Van Harckma Op’t Eynde tot Harkema- Opeinde”.

Keppeling om utens