Groep fan Auwerk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 34: Rigel 34:


== Keppeling om utens ==
== Keppeling om utens ==
* [http://frl.groepfanauwerk.org/index.html Webstee fan de Groep fan Auwerk].
* [http://www.groepfanauwerk.com/ Webstee fan de Groep fan Auwerk].


[[Kategory:Ynternasjonale organisaasje]]
[[Kategory:Ynternasjonale organisaasje]]

De ferzje fan 20 feb 2009 om 21.19

Ofbyld:Nijfryslan.png
Nij Fryslân neffens de Groep fan Auwerk

De Groep fan Auwerk is in beweging dy’t stribbet nei in selsstannige dielsteat fan in Nij-Fryslân yn Europa. De lannen dy't neffens de Groep fan Auwerk by it Nij Frisia hearre binne:

Skiednis

De organisaasje is oprjochte yn 2003. De organisaasje hat doe har stânpunten úteinset. Yn 2005 is de groep begûn mei de earste polityke aksje. Hja hawwe de Fryske nasjonaliteit oanfrege by it provinsjehûs yn Ljouwert. Dêrnei hawwe se aksje fierd troch in FRL-nûmerboerd te meitsje. Elk nûmerboerd hat in stikje blauw mei de Europeeske stjerren. De groep hat der de koade FRL ûnder setten krekt as de lannenkoades dy't der oar's op stean. It wie de bedoeling dat minsken sjen litte kinne dat se by Fryslân hearre. De groep hat ek oare aksjes lykas de anti-nazi-helm dy makke wie foar it wrâldkampioenskip fuotbal in 2006. Op 23 septimber 2006 hat de groep de Ynterfryske Flagge presintearre. Dizze flagge kin brûkt wurde yn alle Fryske regio's. Net eltsenien koe it lykfine mei it konsept fan de Ynterfryske Flagge mar de Ynterfryske Rie stelde dochs in kommisje yn.[1]

Polityk

De groep is aktyf yn de polityk. Se wurkje nei een sterkere Fryske identiteit. In goed foarbyld derfan is it stânpunt dat alle Fryske minsken hun Fryske nasjonaliteit krije kinne moatte njonken harren Nederlansk of Dútsk boargerskip. Neffens de groep binne der mear misstannen, lykas al it jild dat fertsjinne wurdt mei it gas yn Grinslân, dêr't in grut part fan nei de Rânestêd giet. Neffens harren is dit net earlik.

Ofbyld:Trochgeand ferkear.jpg

Aksje september 2008

De groep fan Auwerk hat yn de Súdwesthoeke in tal ferkearsbuorden ferfongen troch in Frysktalige ferzje. De buorden ‘Doorgaand verkeer’ binne ferongen troch buorden mei ‘Trochgeand ferkear’. Ek de buorden mei ‘Fietspad’ binne feroare yn buorden mei it wurd ‘Fytspaad’. De groep wol mear romte foar de Fryske taal. Se fine dat Rykswettersteat en de Belestingtsjinst it Frysk noch altiten negearje yn harren kommunikaasje.

Ferwizing nei boarne

  1. Artikel op it webstek fan de Ynterfryske Rie

Keppeling om utens