Franken: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: ceb:Francs
stikje skiednis fan nl
Rigel 3: Rigel 3:


Harren kultuer, taal en eigenheden wienen sawat itselde as dy fan oare Germaanske folken. Guon tinke dat de Franken fan oarsprong ûntstien binne as in ferbûn tusken ferskate Germaanske stammen lykas de [[Brukteren]], [[Tubanten]], [[Chamaven|Sjamaven]] en oaren. Tsjintwurdich wurdt der fanút gien dat de Franken in gearfoeging binne fan in grutte groep [[Friezen]] en [[Sjauken]], oanfolle mei boppesteande stammen.
Harren kultuer, taal en eigenheden wienen sawat itselde as dy fan oare Germaanske folken. Guon tinke dat de Franken fan oarsprong ûntstien binne as in ferbûn tusken ferskate Germaanske stammen lykas de [[Brukteren]], [[Tubanten]], [[Chamaven|Sjamaven]] en oaren. Tsjintwurdich wurdt der fanút gien dat de Franken in gearfoeging binne fan in grutte groep [[Friezen]] en [[Sjauken]], oanfolle mei boppesteande stammen.

==Oername fan it Romeinsk bewâld==
*''Sjoch ek: [[Frankyske Ryk]]'' [[Ofbyld:CHILDERICI REGIS.jpg|thumb|Segelring fan [[Gilderik I]]]]
Yn de [[5e ieu|fiifde ieu nei Kr.]] sakke it [[West-Romeinske Ryk|Romeinsk bewâld yn West-Europa]] ynienen. Yn de noardlike streken, dêr't it gebiet fan it lettere Nederlân en Belgje by hearre, betsjutte dat foar in grut part in tebekgong yn beskaving, somtiids sels nei de [[prehistoarje]]: om't er neat mear op skrift stelt waard. Sadwaande witte wy net folle fan wat him yn dy tiid allegear foarfallen hat, utsein it bytsje dat wol oer skreaun is. Sa witte wy wol dat de (Salyske) Franken yn [[358]] fan de Romeinske generaal (en wat letter keizer) [[Julianus]] de status fan ''[[foederati]]'' ('bûnsmaten') krigen op Romeinsk gebiet yn de Skeldefallei en tusken de grutte rivieren. De status fan foederati hâlde yn dat de Franken in part fan de ferdigening fan it Romeinske Ryk moasten fersoarge (de [[Limes]]), yn ruil dêrfoar hoegden syn gien belêstigen oan de Romeinen te beteljen. Doe't de macht fan de Romeinen hieltyd fierder tebek rûn nommen de Franken de frijheid om it ferdrach (feodus) rom te ynterpretearjen en yn de rin fan [[5e ieu]] behearsken sy al gau it hiele hjoeddeiske [[Nederlân]] (besuden de rivieren) en Noard-[[Belgje]]. Yn dat gebiet waarden sy de nije elite en de stêd [[Doornik]] wie it sintrum fan harren macht.

Tsien jier neidat [[Romulus Augustulus]], de lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa ôfset wie, fersloech yn [[486]] de Frankyske kening [[Klovis I|Klovis]] de 'Romeinske generaal' [[Syagrius]] (feitlik in Gallo-Romeinske machtshawwer dy't ek kening fan de Romeinen neamd waard) by [[Soissons]], dêr't it hiele noarden fan [[Galje]] yn syn hannen foel. Klovis brocht syn hiele hofhâlding oer nei [[Lutetia]] (it tsjintwurdige [[Parys]]) en it hiele gebiet fan Galje ferkrige úteinlik de namme [[Frankyske Ryk|Fransje]] fan harren nije hearskers. Yn de 6e oant en mei de 8e ieu ferovere de Franken stadichoan ek [[Germaanje]], de nea troch de Romeinen oermastere [[Germanen|Germaanske gebieten]] eastlik fan de Ryn en Donau, rûchwei de gebieten dy't tsjintwurdich de lannen [[Dútslân]], [[Eastenryk]] en [[Switserlân]] foarmje. Under de [[Karolingen|Karolingyske dynasty]] besetten de Franken lan om let ek it grutste part fan Itaalje en in stripe lân yn Noard-Spanje besuden de [[Pyreneeën]], en foarmen de machtichste steat sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk. Dizze Frankyske ekspânsje waard figuerlik bekroand, doe't [[Karel de Grutte]] yn it jier [[800]] as nije 'keizer fan it West-Romeinske Ryk' kroand waard troch de [[paus]].



==Sjoch ek==
==Sjoch ek==

De ferzje fan 14 feb 2009 om 13.06

Ofbyld:Austrasia.jpg
It Frankeryk

De Franken wienen in Germaansk folk dat yn safier bekend oan it begjin fan de jiertelling yn it tsjintwurdige Dutslân en Nederlân libbe hat. Troch de bekende Romeinske skiedskriuwer Tasitus út de 1e ieu wurde de Franken lykwols noch net neamd.

Harren kultuer, taal en eigenheden wienen sawat itselde as dy fan oare Germaanske folken. Guon tinke dat de Franken fan oarsprong ûntstien binne as in ferbûn tusken ferskate Germaanske stammen lykas de Brukteren, Tubanten, Sjamaven en oaren. Tsjintwurdich wurdt der fanút gien dat de Franken in gearfoeging binne fan in grutte groep Friezen en Sjauken, oanfolle mei boppesteande stammen.

Oername fan it Romeinsk bewâld

Yn de fiifde ieu nei Kr. sakke it Romeinsk bewâld yn West-Europa ynienen. Yn de noardlike streken, dêr't it gebiet fan it lettere Nederlân en Belgje by hearre, betsjutte dat foar in grut part in tebekgong yn beskaving, somtiids sels nei de prehistoarje: om't er neat mear op skrift stelt waard. Sadwaande witte wy net folle fan wat him yn dy tiid allegear foarfallen hat, utsein it bytsje dat wol oer skreaun is. Sa witte wy wol dat de (Salyske) Franken yn 358 fan de Romeinske generaal (en wat letter keizer) Julianus de status fan foederati ('bûnsmaten') krigen op Romeinsk gebiet yn de Skeldefallei en tusken de grutte rivieren. De status fan foederati hâlde yn dat de Franken in part fan de ferdigening fan it Romeinske Ryk moasten fersoarge (de Limes), yn ruil dêrfoar hoegden syn gien belêstigen oan de Romeinen te beteljen. Doe't de macht fan de Romeinen hieltyd fierder tebek rûn nommen de Franken de frijheid om it ferdrach (feodus) rom te ynterpretearjen en yn de rin fan 5e ieu behearsken sy al gau it hiele hjoeddeiske Nederlân (besuden de rivieren) en Noard-Belgje. Yn dat gebiet waarden sy de nije elite en de stêd Doornik wie it sintrum fan harren macht.

Tsien jier neidat Romulus Augustulus, de lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa ôfset wie, fersloech yn 486 de Frankyske kening Klovis de 'Romeinske generaal' Syagrius (feitlik in Gallo-Romeinske machtshawwer dy't ek kening fan de Romeinen neamd waard) by Soissons, dêr't it hiele noarden fan Galje yn syn hannen foel. Klovis brocht syn hiele hofhâlding oer nei Lutetia (it tsjintwurdige Parys) en it hiele gebiet fan Galje ferkrige úteinlik de namme Fransje fan harren nije hearskers. Yn de 6e oant en mei de 8e ieu ferovere de Franken stadichoan ek Germaanje, de nea troch de Romeinen oermastere Germaanske gebieten eastlik fan de Ryn en Donau, rûchwei de gebieten dy't tsjintwurdich de lannen Dútslân, Eastenryk en Switserlân foarmje. Under de Karolingyske dynasty besetten de Franken lan om let ek it grutste part fan Itaalje en in stripe lân yn Noard-Spanje besuden de Pyreneeën, en foarmen de machtichste steat sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk. Dizze Frankyske ekspânsje waard figuerlik bekroand, doe't Karel de Grutte yn it jier 800 as nije 'keizer fan it West-Romeinske Ryk' kroand waard troch de paus.


Sjoch ek