Muorre fan Antoninus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
noch in foto by
Rigel 10: Rigel 10:
De Mourre fan Antoninus wie in stik minder goed boud as de Hadrianswâl, mar noch altyd massyf en yndrukwekkend. Yn amperoan twa jier waard it kompletearre en ynrjochten as de noardlikste grins fan it Romeinske Ryk yn wat sy as in kâld en ferlitten lân beskôgen. De muorre seach derút as in grutte ierden wâl fan goed fjouwer meters heech, mei oan de noardkant in wide gracht en in Romeinske militêre wei dy't der flak efter rûn. De Romeinen bouden om de twa miles in fort. It best oerbleaune fort mar ek yn fan de lytsten is dy fan [[Rough Castle Fort]].

[[Image:Antonine.Wall.Scotland.02.JPG|thumb|200px|right|De Antoninus Wâl, Romeinske oerbliuwsels, Barr Hill, tichtby Twechar]]
Krapoan tweintich jier neidat er boud wie, waard de muorre al wer ferlitten. Yn [[164]] lutsen de Romeinen har tebek efter de Hadrianuswâl, en waard it gebiet werom jûn oan stammen dy't der wennen. Nei in rige oanfallen yn [[197]], arrivearre keizer [[Septimius Severus]] yn [[208]] yn Skotlân om de grins yn it noarden op 'e nij feilich te stellen en lit parten fan de muorre reparearre. Dizze besetting soe mar in pear jier duorre, dochs waarde wâl troch lettere Romeinske skriuwers ek wol oantsjutten as de '''Severuswâl'''.

De ferzje fan 29 jan 2009 om 23.56

Lokaasje fan de Hadrianuswâl en de Antoninuswâl yn Skotlân en noardlik Ingelân

De Muorre fan Antoninus of Antoninuswâl is in ferdigingswal fan soaden en stiennen dy't troch de Romeinen boud waard yn wat tsjintwurdich de sintrale belt fan Skotlân is. De mourre streket him út oer 60 kilometer fan Old Kirkpatrick yn West Dunbartonshire op de Firth of Clyde oant Bo'ness, Falkirk, op de Firth of Forth.

Doel

It bouwen fan de Mourre fan Antoninus begûn yn 142, ûnder it bewâld fan keizer Antoninus Pius, troch Quintus Lollius Urbicus en waard kompletearre yn 144.

Mei de bou wienen de Romeinen fan doel dizze yn it plak komme te litten fan de Muorre fan Hadrianus, sa' 160 km nei it suden ta, om dêrmei de grins fan Brittanje fierder nei it noarden op te skowen. Mar wylst de Romeinen dwaande wienen tydlike fortifikaasje te bouden en kampen foar it leger oan te lizzen, slagge sy der net yn om de Keltyske befolking yn it noarden te passifisearren en hienen te krijen my ferskate oanfallen. De Romeinen neamden it lân te noarden fan de muorre Caledonia en harren bewenners Kaledoanjers.

De Muorre fan Antoninius, eastlik fan Barr Hill tusken Twechar en Croy

De Mourre fan Antoninus wie in stik minder goed boud as de Hadrianswâl, mar noch altyd massyf en yndrukwekkend. Yn amperoan twa jier waard it kompletearre en ynrjochten as de noardlikste grins fan it Romeinske Ryk yn wat sy as in kâld en ferlitten lân beskôgen. De muorre seach derút as in grutte ierden wâl fan goed fjouwer meters heech, mei oan de noardkant in wide gracht en in Romeinske militêre wei dy't der flak efter rûn. De Romeinen bouden om de twa miles in fort. It best oerbleaune fort mar ek yn fan de lytsten is dy fan Rough Castle Fort.

De Antoninus Wâl, Romeinske oerbliuwsels, Barr Hill, tichtby Twechar

Krapoan tweintich jier neidat er boud wie, waard de muorre al wer ferlitten. Yn 164 lutsen de Romeinen har tebek efter de Hadrianuswâl, en waard it gebiet werom jûn oan stammen dy't der wennen. Nei in rige oanfallen yn 197, arrivearre keizer Septimius Severus yn 208 yn Skotlân om de grins yn it noarden op 'e nij feilich te stellen en lit parten fan de muorre reparearre. Dizze besetting soe mar in pear jier duorre, dochs waarde wâl troch lettere Romeinske skriuwers ek wol oantsjutten as de Severuswâl.

Distiid

Hoewol't de muorre troch de tiid hinne goed te lijen hân hat en sawat alhiel ferwoaste is, binne der noch hieltyd stikken fan de muorre te sjen yn Bearsden, Kirkintilloch, Twechar, Croy, Falkirk and Polmont.

Sjoch ek

Keppeling om utens