Martinus fan Toers: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: lv:Svētais Mārtiņš
Rigel 35: Rigel 35:
[[la:Sanctus Martinus Turonensis]]
[[la:Sanctus Martinus Turonensis]]
[[li:Maarten]]
[[li:Maarten]]
[[lv:Svētais Mārtiņš]]
[[nl:Maarten van Tours]]
[[nl:Maarten van Tours]]
[[no:Martin av Tours]]
[[no:Martin av Tours]]

De ferzje fan 21 jan 2009 om 13.28

Sint Martinus jout in helte fan syn mantel

Martinus fan Toers (* 316 of 317, Steinamanger - † 8 novimber 397, Kandes) wie biskop fan Toers, en is ferneamd fan de leginde fan de dielde mantel.

Martinus wie de soan fan in Romeinsk magistraat. Doe't er fyftsjin wie gong er yn it leger, en kaam sa yn Galje. Yn dizze tiid spilet de leginde dat er by de poart fan Amiens in bidler seach, dy't er ien helte fan syn mantel joech. (De oare helte wie fan it leger, dat dy koe er net weijaan.) De leginde giet fierder as in Kristusleginde, wat betsjutte kin dat de leginde âlder is as Martinus syn tiid. Doe't er achtsjin wie waard er dope.

Syn wurkpaad yn it leger einige yn 356, en hy waard learling fan Hillarius fan Poirtier. Likernôch yn 360 waard er klûzner, by Ligugee. Hy krige dêr safolle folgelingen dat dêr it earste Frânske kleaster ûnstie.

Yn 371 waard er keazen ta biskop fan Toers, mar hy wie ek hieltyd noch dwaande as mûnts, en yn lykernôch 375 stifte er it kleaster Marmoutier. Yn 397 ferstoar Martinus wylst er ûnderweis wie, yn Kandes. Syn lichem waard werômbrocht nei Toers en dêr begroeven yn de basilyk.

Nei syn dea ûntstienen tal fan leginden oer Martinus. Dêrtroch is er beskermhillige fan in grut tal fan stêden wurden. Syn nammedei wurdt hieltyd noch fiert as Sint Marten.