Foekje Dillema: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Skipper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Skipper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14: Rigel 14:


[[nl:Foekje Dillema]]
[[nl:Foekje Dillema]]
[[ën:Foekje Dillema]]
[[en:Foekje Dillema]]

De ferzje fan 16 jan 2009 om 05.56

Foekje Dillema (Burum, 18 septimber 1926 - Kollum, 5 desimber 2007), wie in fryske atlete, die't yn 1950 it Nederlânske rekord op de 200 meter hurdrinnen behelle. Foekje Dillema is troch tadwaan fan Jan en Fanny Blankers-Koen, tegearre mei de KNAU (Koninklijke Nederlandse Atletiek Unie), no de Atletiekunie, skorst foar it libben foar de atletiekbûn.

Foekje Dillema waard as tredde dochter berne yn it arbeidersgesin Dillema. Nei har kamen der noch fiif bern. Foekje begûn har sportkariere op 30 mei 1948, doet se as taskôger bei in atletiek wedstryd útdage waard om ek mei te rinnen. Se wûn doe en har earste echte wedstryd oer 100 meter rûn se op 21 juni 1948 yn Marsum. Se klom al gau op fan de D-klasse nei de A-klasse. Foekje Dillema giet al rillegau trainen by de atletiek ferein Vitesse yn Ljouwert. Hjir wurdt har slechte techniek ferbettere troch har trainer en lange âfstânsrinner Hans Huizinga. Mei har ferein Vitesse wûn se yn 1949 de 4x200 meter foar klubteams. Yn datselde jier pakte se tegearre mei Corrie hospes, Baukje jongsma en Nelie de Jager it Nederlânske rekord op de 4x200 meter yn 1 minuut 48,3 sekonden. Ek behelle se yn 1949 it Nederlânske rekord op de 4x100 meter tegearre mei deselde Baukje jongsma, Nelie Jager en Imi Miedema. Yn de winter fan '49/'50 hat Foekje in protte oan har sprinttechniek wurke, dit die fertuten, mei de titels Frysk kampioen op de sprint en Frysk kampioen op de 200 meter. Op 18 juni 1950 ferbetere se it Nederlânske rekord op de 200 meter, dat doe noch op namme stie fan Fanny Blankers-Koen, yn in tiid fan 24.1 sekonden. Troch al dizze prestaasjes waard Foekje sjoen as in tige grutte kânshaffer foar eremetaal tidens de Olympyske Simmer Spielen fan Helsinkie yn 1952. Mar hjir waard op in wrede manier in stokje foar stutsen.

De skorsing

Troch Foekjes snelle tiden op de sprintnoemers waard sy in direkte konkurente foar de doetiidse topsprinster Fanny Blankers-Koen. Mar oant in rjochtstreekse konfrontaasje tusken beide dames kaam it mar ien kear. Fanny melde harsels altyd blesseare at se tsjin elkoar rinne koene. De iene kear dat se tsjin elkoar striden wie tidens de olympyske dagen, neidat Foekje oanjoen hie dat sy sels blesseare wie en net folút rinne koe.

Troch Foekjes manlike eigenskippen waard se troch in soad lju, mei op de earste plak Jan Blankers en Fanny Blankers-koen, as bedriger sjoen. Yn 1950 waard, op inisjatief fan Jan Blankers een seksetest organiseare, wêrby neist Foekje noch 4 oare hurdrinsters ûndersocht waarden as se wol echt frou wiene. It frapante hjirfan is dat twa fan dizze froulje al bern krigen hiene. It wie dus in folsleine opsette aksje om Foekje út te skeakeljen. De útslach fan dit 'gynakologyske' ûndersyk waard Foekje ferteld doet sy op 13 juli 1950 ûnderweis wie mei it Nederlânske atletiekteam nei in ynternasjonale atletiek wedstryd yn Frankryk. Jan Blankers tegearre mei noch twa mannen fan de KNAU fertelden har op it perron fan Hilversum dat se skorst wie foar it libben, fanwege it feit dat se gjin frou wie. Foekjes nationale titels en rekords binne troch de KNAU út de boeken helle. Se mocht net mei nei de Olympyske Spelen fan Helsinkie. Foekje hat nea wer oer har tige kuorte atletiekkarriere prate wollen.

Boarnen

  • Max Dohle - Het verwoeste leven van Foekje Dillema, de grootste tragedie van de Nederlandse sportgeschiedenis; Het sporthuis, 2008