Homo erectus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: right|thumb|200px|[[Plasse fan de Homo erectus]] De ''' ''homo erectus'' ''' wie in minskeftige dy't om-ende-by 1,9 miljoen oant 400.000 jier ly...
 
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ru:Эректусы
Rigel 39: Rigel 39:
[[pt:Homo erectus]]
[[pt:Homo erectus]]
[[ro:Homo erectus]]
[[ro:Homo erectus]]
[[ru:Эректусы]]
[[ru:Человек прямоходящий]]
[[simple:Homo erectus]]
[[simple:Homo erectus]]
[[sk:Človek vzpriamený]]
[[sk:Človek vzpriamený]]

De ferzje fan 26 des 2008 om 15.45

Plasse fan de Homo erectus

De homo erectus wie in minskeftige dy't om-ende-by 1,9 miljoen oant 400.000 jier lyn op ierde libbe hat. Hy libbe nei alle gedachten nei Homo habilis, mar it kin net útsletten wurde dat beide soarten njonken inoar libbe hawwe. It wurd betsjut rjochtopsteand, dat slagget op it rjochtop rinne fan dizze soart. Hy wie ûngefear tusken de 1,50 meter en 1,85 meter lang en foarseach himsels fan fiedsel troch te jagen en te sammeljen.

De homo erectus makke in oantal wichtige ûntwikkelings troch dy't krusiaal belang wienen foar de fierdere ûntwikkeling foar de minsklike soart. Karakterisearjend wie de útfining fan it fjoer. It is net hielendal dúdlik hoe, wêrom en wêrfoar de minske begûnen mei it brûken fan fjoer. Neffens de wittenskip hie it benammen krijen mei tafallichheden. Yn alle gefallen learde de minske it fjoer te behearsken en makke der gebrûk fan. It joech him in protte foardielen, wylde bisten bygelyks koene dermei op ôfstân holden wurde en iten mei nôch makken wurde. Mar it wichtichste wie wol dat sy troch fjoer it waarm holden koenen. Troch it fjoer koene sy fanút Afrika nei it kâldere Jeropa en Aazje lûke. Yn Jeropa binne resten fûn fan de Homo erectus dy't 1,5 miljoen jier âld binne.

Oare ûntwikkelingen dy't dizze minske soart trochmakke, wie it meitsje fan finere ark. Sy dienen dat folle better as harren foargongers en ûntwikkele as earste de hânbile. Troch dizze ûntwikkelingen koenen sy ek better op bisten jagen.