Peter Winnen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Skipper (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Peter Johannes Gertrudis Winnen''' ( Ysselstein, 5 septimber 1957), wie in Nederlânske beropshurdfytser fanôf 1980. Yn dat jier waard hy as amateur noch twadde by de Omgo...
 
Skipper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
'''Peter Johannes Gertrudis Winnen''' ( [[Ysselstein]], [[5 septimber]] [[1957]]), wie in Nederlânske beropshurdfytser fanôf 1980. Yn dat jier waard hy as amateur noch twadde by de Omgong fan it Eastblok. Nei de Olympyske spelen fan datselde jier tekene hy in kontrakt by it Belgyske Iisboerke. Hy is yn totaal 12 jier profesioneel hurdfytser west, wernei hy sich op it skriuwen stroart hat.
'''Peter Johannes Gertrudis Winnen''' ( [[Ysselstein]], [[5 septimber]] [[1957]]), wie in Nederlânske beropshurdfytser fanôf 1980. Yn dat jier waard hy as amateur noch twadde by de Omgong fan it Eastblok. Nei de Olympyske spelen fan datselde jier tekene hy in kontrakt by it Belgyske Iisboerke. Hy is yn totaal 12 jier profesioneel hurdfytser west, wernei hy sich op it skriuwen stoart hat.


== As profesional ==
== As profesional ==

De ferzje fan 24 des 2008 om 06.54

Peter Johannes Gertrudis Winnen ( Ysselstein, 5 septimber 1957), wie in Nederlânske beropshurdfytser fanôf 1980. Yn dat jier waard hy as amateur noch twadde by de Omgong fan it Eastblok. Nei de Olympyske spelen fan datselde jier tekene hy in kontrakt by it Belgyske Iisboerke. Hy is yn totaal 12 jier profesioneel hurdfytser west, wernei hy sich op it skriuwen stoart hat.

As profesional

Peter Winnen wie foarol in klimmer. Yn 1981, tidens syn debuut yn de Omgong fan Frankryk, wûn hy de rit nei de Alpe d'Huez. Hy einige doe foar Bernard Hinault, Lucien fan Impe en Robert Alban. Derneist behelle hy ek de wite trui, wat ynhâld dat hy de beste jongere wie fan de Omgong fan Frankryk fan dat jier. Mei in fiifde plak yn it einklassemint lyk Nederlân mei Winnen in grut omgong hurdfytser te hawwen. Yn de omgong fan Frankryk fan 1982 wûn hy de alpenrit nei Morzine en waard hy 4e yn it einklassiment, it jier ferop waard der sels tredde en wûn hy alwer de etappe nei Alpe d'Huez. Troch in ûngemak yn 1984 is Winnen nea wer op syn âlde nivo kaam. Yn 1989 stapte hy op by Raleigh ploech fan Peter Post om yn 1990 te tekenen by de ploech fan Jan Raas. Hjir die hy wer fan sich sprekken en waard yn 1990 sels Nederlânsk kampioen op de wei. Nei alwer in ûngemak kaam der frij plotseling in ein oan syn 12 jierriche karriere. Hy behelle 3 etappe oerwinnings yn de Omgong fan Franryk en 17 yn totaal as profesional.

As skriuwer

Nei syn tiid as hurdfytser is Winnen kolumnist wurden foar û.o. it NRC handelsblad. Syn kollums binne bundele yn in ferskeidene boeken. Mei it boek 'Van Santander naar Santander' yn 2000 waard hy enthousiast ûntfongen yn literaire kringen. Oare wurken fan him binne:

  • Valse start (2002) - Samling kollums ut it NRC
  • Stoempwerk en andere verhalen (2004) - Samling kollums ut it NRC en it tiidskrift De Muur
  • Het snot voor ogen (2005)
  • Pedaalridder - de beste verhalen (2007)
  • Windbreker en andere verhalen (2008)
  • De Missie (2008) - 30-Minuten boekje bei in six pack Hertog Jan Grand Prestige bier

Boarnen

  • www.tourdefrance.nl
  • Nederlânske Wikipedia