Seisbierrum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 21: Rigel 21:


===Berne yn Seisbierrum===
===Berne yn Seisbierrum===
* [[Tjerk Hiddes de Vries]], Frysk [[admiraal]] en [[seeheld]] út de [[17e ieu]]
* [[Tsjerk Hiddes de Vries]], Frysk [[admiraal]] en [[seeheld]] út de [[17e ieu]]
* [[Eelko Liauckama (abt)|Eelko Liauckama]], [[geastlike]]
* [[Eelko Liauckama (abt)|Eelko Liauckama]], [[geastlike]]
* [[Eelko Liauckama (krúsfarder)|Eelko Liauckama]], [[krúsfarder]]
* [[Eelko Liauckama (krúsfarder)|Eelko Liauckama]], [[krúsfarder]]
* [[Jetske Bilker]], skriuwster
* [[Jetske Bilker]], skriuwster


==Strjitten==
==Strjitten==

De ferzje fan 22 des 2008 om 10.04

De himrik fan Seisbierrum.

Seisbierrum is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, noardwest fan Frjentsjer. It doarp hat 1.748 ynwenners (31 desimber 2003).Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Seisbierrum diel út fan de gemeente Barradiel. De lêste jierren is der in soad kastúnbou om it doarp.

Seisbierrum leit op ûngefear acht kilometer noardeast fan de stêd Harns en ûngefear sân km. noardwest fan de stêd Frjentsjer. It doarp leit alom samar te sizzen op de top fan de trijehoek Seisbiererum-Harns-Frjentsjer.

Dy trijehoeksfoarm komt ek werom yn de sûnt 1987 yn Seisbierrum steande piramide fan Aeolus (god fan de wyn). Aeolus is destiids boud as wyn-attraksje park en besikerssintrum fanwege it nije wynmole eksperiminteel park tichtby Seisbirrum (en eigentlik lizzend op lân by Easterbierrum).

Seisbierrum waard yn it ferline ek wol neamd: Sixtabarra en Sixtusburen, nei de hillige Sixtus. De Nederlânsk Herfoarme Tsjerke fan Seisbierrum is noch altyd wijd oan de Hillige Sikstus en bestiet sûn de 12e ieu. Dit waard folksetymologysk werynterpretearre as sekx, Aldfrysk foar seis; de Nederlânske namme is dan is dan ek itselde as Aldfryske. Ut dizze letmidsieuske foarm ûntstie de moderne Fryske namme Seisbierrum . Iy doarp wurdt yn geskriften om it jier 600 al neamd.

Seisbierrum foarmet mei Pitersbierrum tegearre in soarte dûbeldoarp, trochdat beide doarpen de lêste 60 jier oan inoar groeid binne en fierder mei inoarferweve binne. Doe't it gemeentehûs yn it dûbel-doarp kaam is ek fuortendaliks de skiedsline tusken beide doarpen in lytse hûndert meter opskood om der foaral foar te soargjen dat it gemeentehûs yn Seisbierrum kaam te stean.

Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1984 is dat net mear in heikel punt, want doe waard Seisbierrum ynlive by de gemeente Frjentsjerteradiel. De skiedsline tusken Seisbierrum en Pitersbierrum is dêrby wer op it âlde plak komd te lizzen en is de diskusje dus dien.

Mienskip

Tegearre hawwe de doarpen ûngefear 1900 ynwenners yn ûngefear 660 huzen (ynklusyf it bûtengebiet) in soad dingen tegearre. It doarp hat in bibleteek en 2 basisskoallen, "De Barraboech" en "De Skeakel". Der is ien feriening foar Doarpsbelang en ien doarpshûs“ It Waad. Tsien kear yn't jier ferskynt harren doarpsblêd Silhûet.

Ferienings

  • Mir - soas
  • Koka - judo
  • AVC Seisbierrum - fuotbal

Berne yn Seisbierrum

Strjitten

Achterom, Adelenstrjitte, Alde Buorre, Buorfinneleane, De Finne, De Kampen, De Tsjerke-ekers, Dûkerstrjitte, Fliet, Frjentsjerterdyk, Frjentsjerterein, Getswerdersyl, Hearewei, Hoarnestreek, Hottingabur, Jan Baron van Echtenstrjitte, Juckemaleane, Kade, Latsmaleane, Liauckamaleane, Molepaad, Nije Buorren, Ottemaleane, Pastorijbuorren, Pastorijreed, Rients Westrastrjitte, Sikstuswei, Skoalstrjitte, Slachte, Spoardyk, Stasjonswei, Terp, Terppaad, Tsjerk Hiddesstrjitte, Tsjerkebuorren, Tsjerkepaad, Van Haersoltestrjitte, W Kroesestrjitte, Walburgastrjitte, Waltaleane.

Ferskaat

Tusken 1903 en 1935 hie Seisbierrum in stasjon oan it spoar Stiens - Harns.

Sjoch ek

Keppeling om utens