Taiboksen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Bot - derby: no:Muay Thai
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: tr:Muaythai
Rigel 65: Rigel 65:
[[sv:Thaiboxning]]
[[sv:Thaiboxning]]
[[th:มวยไทย]]
[[th:มวยไทย]]
[[tr:Muay Thai]]
[[tr:Muaythai]]
[[vi:Muay Thái]]
[[vi:Muay Thái]]
[[zh:泰拳]]
[[zh:泰拳]]

De ferzje fan 18 des 2008 om 22.28

Twa Taiske jonges dogge de rituele dûns, foar it boksen.

It Taiboksen (Tai: มวยไทย , muay Tai) is in âlde fjochtsport dy't al ieuwen yn Tailân beoefene wurdt. It taiboksen is yn Tailân tige populêr. It hjoeddeiske Muay-Tai komt yndirekt út de wapene fjochtkeunst Krabi Krabong. Wannear't yn Krabi Krabong in fjochter syn wapens net mear hie, koe hy 8 oare lichemsdielen as deadlik wapen brûke, dizze tûke wurdt Muay-Boran neamd. Ut it deadlike Muay-Boran wei is it hjoeddeiske, op wedstriden rjochte, Muay-Tai ûntstien. In protte Muay-Boran techniken binne net mear tastien by wedstriden omdat dizze gewoanwei te deadlik binne. In oantal techniken dy't wol tastien binne soargje foar de nedige "oee's" en "aah's" fan it publyk.

Yn it ferline stie Muay-Tai ek bekend as:

  • Mai See Sawk
  • Muay Pahuyuth
  • Chaiaboksen
  • Muay Tai
  • Siameesk Boksen (Siam is de âlde namme foar it hjoeddeiske Tailân)

By it taiboksen liket op it earste oansjen hast alles tastien te wêzen, mar is men dochs wol oan regels bûn. De te brûken wapens binne de fûsten, earmtakken, knibbels en de skonken. It sil dúdlik wêze dat mei de fûsten de techniken ûngefear idintyk binne oan it boksen, it ferskil sit him yn it brûken fan de knibbels, earmtakken en skonken.

Beskriuwing

Ofbyld:Boxethai.jpg
Tais kicks

Krektas de bokser syn tsjinstanner k.o. slaat mei mei syn fûsten is dit de taibokser ek mei de skonken tastien. Trapen kinne nei de holle en lichem en boppeskonk makke wurde. Foaral de saneamde "low kicks", dy't op de boppeskonkspier belanje, hawwe in bysûnder effektive en ek wol pynlike útwurking. By werhelle kontakt kin de taibokser net op de skonken stean bliuwe en moat hy bytiden belies jaan.

In oar ferskil mei it boksen is it saneamde "clinchen". Wurde by it normale boksen de fjochters skieden op it momint dat hja elkoar om samar te sizzen "omearmje", by it taiboksen is it ek tastien om de tsjinstanner mei de knibbel of earmtakke te bewurkjen en sa mooglik mei judowoarpen tsjin it kanvas te goaien! Al mei al sil it dúdlik wêze dat dizze sport in protte trening fan de beoefener fereasket, eardat er oan wedstriden meidien wurde kin. In soad minsken dogge dizze sport dêrom allinnich rekreatyf, it wedstrydelemint is mar foar in lytse groep wei lein.(boarne: inpa kai muay)

Brochting

It taiboksen is in fjochtsport dy't al ieuwen bestiet, it waard yn Tailân en buorlannen yn tiid fan frede beoefene troch de soldaten en boeren. Yn'e rin fan de tiid hat it him ûntwikkele ta ien fan de effektyfste fjochtsporten yn'e wrâld. Ein sechtiger, begjin santiger jierren begûnen de Jeropeanen en Amerikanen har hieltyd mear te ferdjipjen yn dizze sport. Yn dizze periode is it dêr ek yntrodusearre. Westerlingen hawwe doe it taiboksen omfoarme ta kickboksen, troch it weilitten fan bepaalde techniken en de rituele dûnsen der omhinne (de rammuai). Der binne sûnt dy tiid ferskate bûnen en stilen ûntstien dy't allegear oare regels/techniken hawwe.

Nederlân heart by de absolute wrâldtop mei ferskeidene wrâld- en Jeropeeske kampioenen, en K-1-winners (it grutste fjochtsporttoernoai yn wrâld), nammentlik Peter Aerts, Badr Hari, Ernesto Hoost, Sem Schilt en Remy Bonjasky .

Yn Belgje is in grutte opmars fan it taiboksen.