Fermont: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: gv:Vermont
L Bot - oars: ang:Vermont
Rigel 41: Rigel 41:
[[af:Vermont]]
[[af:Vermont]]
[[an:Vermont]]
[[an:Vermont]]
[[ang:Uermont]]
[[ang:Vermont]]
[[ar:فيرمونت]]
[[ar:فيرمونت]]
[[az:Vermont]]
[[az:Vermont]]

De ferzje fan 15 des 2008 om 23.34

State of Vermont
Vlag van Vermont Zegel van Vermont
Ofkoarting FT
Haadstêd Montpelier
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 24.923
Befolking 621.394
Oare ynformaasje
Tatreden 4 maart 1791
Oantal countys 14

Fermont is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Montpelier. De grutste stêd is Burlington.

Fermont is ferneamd om syn moaie lânskip, prachtige hjersttinten, idyllyske doarpkes mei wite hûskes en lytse tsjerkjes.

Skiednis

Eartiids waard it gebiet befolke troch yndianestammen as de Irokezen, Algonkwin en Abenaky. Yn 1609 easke de Frânske ûntdekkingsreizger Samuel de Champlain it gebiet op dat by tsjintwurdich it Champlainmeer. Hy joech de njonkenlizzende bergen de namme Les Verts Monts ("de griene bergen"), wat letter ferbastere waard ta Fermont.

Nei it Ferdrach fan Parys (1763) kaam it gebiet ûnder kontrole fan de Ingelsken. Yn 1777 waard Fermont in ûnôfhinklike republyk en op 4 maart 1791 waard it de 14e steat fan de Feriene Steaten. Yn de Amerikaanske Boargeroarloch stie it oan de side fan de Uny.

Geografy

De steat Fermont is 24.923 km² grut en leit yn de Easterke tiidsône. Fermont grinzet yn it easten oan Kanada, yn it westen oan de steat New York, yn it easten oan Nij Hampshire en yn it suden oan Massachusetts.

De wichtichste rivier is de Konnetikut rivier, dy't alhiel de grins foarmet mei Nij Hampshire. De grutte Champlainmar foarmet in grut diel fan de grins mei de steat New York.

Yn grut part fan de steat wurdt yn beslach nommen troch de Green Mountains, dy't ûnderdiel foarmje fan de Appalachen. De pyk fan Mount Mansfield (1339 meter) is it heechste punt yn Fermont.

Keppeling om utens