Hidaard: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 27: Rigel 27:
* [[Fryske doarpen]]
* [[Fryske doarpen]]


==Keppeling om utens==
== Keppeling om utens ==
*[http://www.nwfriesland.nl/hidaard/ Oer Hidaard].
*[http://www.nwfriesland.nl/hidaard/ Oer Hidaard]

{{Koördinaten|53_4_45_N_5_36_12_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 5' NB, 5° 36' EL}}


[[Kategory:Littenseradiel]]
[[Kategory:Littenseradiel]]

De ferzje fan 13 des 2008 om 19.18

de himrik fan Hidaard

Hidaard is in doarp yn it suden fan de gemeente Littenseradiel. It doarp hat likernôch 110 ynwenners (2004). De namme komt fan de eigennamme Hida mei de útgong -wert. By it doarp hearre ek de buorskippen De Kliuw, Hidaardersyl en Trijehuzen.

Lizzing

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Hidaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel.It terpdoarp leit yn de âldste polder fan Nederlân, It Eilân fan Easterein. Súdwestlik fan Hidaard leit de kearslûs yn de Slachte oer de Hidaarder Feart, in útwetteringsslûs út de 10e ieu fan de Eastereinder Polder en letter foar in diel fan Hinnaarderadiel en Barradiel. Hidaard leit oan de Marnerûte foar kano's en hat ek in oanlissteiger.

Gebouwen

By it doarp leit de fjouwersprong mei eartiids ferneamde hotel De Kliuw. It kafee is no ta wenhûs ferboud en is no in plak om te oernachtsjen Bêd en Brochje.

Oan de Slachtedyk leit yn de flier fan de herfoarme tsjerke in sark út de 16e ieu fan de lêste abt fan it eardere kleaster Blomkamp. It oargel is fan 1935, boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.

Mienskip

De feriening foar Doarpsbelang is oprjochte op 9 febrewaris 1925. Yn augustus is der meast in doarpsfeest. Biljertferiening de Hiddastjitters spilet yn doarpshûs it Hiddahûs. De keatsferiening Hidaerd bestiet sûnt 1976.

Befolking

Strjitten

Buorren, Doniadyk, De Kliuw, Tjebbingadyk, Trijehuzen.

Sjoch ek

Keppeling om utens