Eallju: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Bot - derby: sq:Adel
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tr:Asalet
Rigel 46: Rigel 46:
[[sq:Adel]]
[[sq:Adel]]
[[sv:Adel]]
[[sv:Adel]]
[[tr:Asalet]]
[[uk:Знать]]
[[uk:Знать]]
[[vec:Nobiltà]]
[[vec:Nobiltà]]

De ferzje fan 8 des 2008 om 20.50

Mei eallju of de adel waard froeger de elite fan in lân oantsjut. De stân fan eallju ûntstie likernôch oan it begjin fan de jiertelling en waard stadichoan wichtiger. Yn de midsieuwen hienen hja in soad oansjen, mar yn de rin fan de tiid is dat hieltyd minder wurden.

Fryske Eallju

Doe't de Franken yn de 8e ieu in ein makken oan it Fryske ryk en it gebiet fan de Friezen ynlive waard by it Frankyske ryk troffen sy hjir gjin maatskippij oan fan allinich likensen. Oeral wienen doe al eallju en grutgrûnbesit oanwêzich. En it wienen benammen dy eallju, dy't as earsten ree wienen om gear te wurkjen mei it Frankyske ryk en oerstapten nei it kristlik leauwen. Al ûnder Pippyn II hawwe de Franken besocht om de Fryske eallju oan harren te binen troch skinkingen en troch ferdûbeling fan harren warjild.

It Frankyske stribjen wie der benammen op rjochte om yn de Fryske gebieten in betroude hearskjende groep te krijen dy't it nije bewâld stypje soe. Hja mijden dêrby net om de Friezen grutte stikken lân te ûntfytmanjen en oer te dragen oan Frankyske trouwelingen. In soad lân kaam sa yn besit fan Frankyske eallju. Nei ferrin fan tiid ûntstie út dizze beide groepen in nije ealstân.

Sjoch ek