Soefisme: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ko:수피파
L Bot - derby: ka:სუფიზმი - oars: ms:Kesufian
Rigel 40: Rigel 40:
[[it:Sufismo]]
[[it:Sufismo]]
[[ja:スーフィズム]]
[[ja:スーフィズム]]
[[ka:სუფიზმი]]
[[ko:수피파]]
[[ko:수피파]]
[[ms:Sufisme]]
[[ms:Kesufian]]
[[nl:Soefisme]]
[[nl:Soefisme]]
[[no:Sufisme]]
[[no:Sufisme]]

De ferzje fan 2 des 2008 om 23.05

It soefisme is in mystyke streaming yn de islam. Ien dy't it soefisme oan hinget wurdt in soefy neamd. Hja foarmje mystike bruorskippen, wêr't de derwisjen begjinnelingen binne op it soefypaad. Yn it soefisme binne tsientallen skoallen, tarikat neamd. Guons dêrfan binne ynternasjonaal, oaren allinnich lokaal aktyf. It wurd Soefy komt fan soef, wat wol yn it Arabysk betsjut. Foarhinne droegen de soefys altyd wol en libben sober.

It leauwen

Soefisten leauwen dat de koran en de folsleine regels fan de sjaria uterlike regels binne en dat in ferskaat oan ferdjippings dêryn fûn wurde kin. Sy brûke wol it symboal fan in roas om dat út te byldzjen. De toarnen fan de roas, dy't de roas beskerming jouwe, symbolisearren dêrby de dissipline fan de regels fan de sjaria. De stamme fan de roas symbolisearret it ynderlike paad (tarika). De blêden fan de roas stiene symboal foar it ûnderfinen fan de ynderlike kennis fan God. De rook fan de roas stiet foar it ûnderfinen fan de werklikheid sa as dizze is.

Neffens guon soefys hawwe ortodokse moslims de kearn fan de Islam bedobbe ûnder alderlei om politike redens betochte en oerdreaune ferhalen, dy't letter in hillige status krigen hawwe.

Troch de ieuwen hinne hawwe soefys yn de islam oer it algemien in soarte gedoochstatus hân. Hjirmei wienen sy better ôf as harren kristlike gelikensen, de gnostisy. Mar dat hat lykwols net altiten sa west en ek tsjintwurdich binne der soefys dy't troch radikale wahabieten bestriden wurde. Op dit stuit hawwe soefys it swier te ferduorjen yn Iran.

In bekende soefy is ûnder oare Tjelal ed-Din Rûmy út de 13e ieu.

Keppeling om utens